2 It bestjoersplan sil yn dizze rie syn fiat krije moatte. Feriine jier hawve we in earste konsept fan it bestjoerspLan hân. Rigoreus, iensidich en neffens üs finansjeei ek net goed ünde rboud Mei üs befolking hat dizze rie it doe fersmiten. Boargemaster en wethâlders waar doe fersocht syn wurk op'e nij te dwaan. Op'e nij te besjen wat de gemeente feitiik foar de boargers üt'e wei sette moat en hoet dat syn beslach krije kin. Wy ha feriine jier by de algemiene skôgings oanjûn yn hokker rjochting dit nef fens iis gean moat; wat de feitlike taken fan de gemeente rjoch ting boargers wêze moasten. We binne bliid yn dit bestjoersplan de gedachten, sa't dy doe by iis libben werom fine te kinnen. De gemeente heart him yn it foarste plak te rjochtsjen op it wenjen fan de eigen ynwenners. In goed ynrjochte wenomjouwing, goede hüsfesting, ferbiningen en basisfoarsjennings W'y fine it in prima saak dat der mear jild komt foar de doarps- fernijing, foar straatwurk en foar- it dikenûnderhâld. Wy sjogge út nei de risseltaten fan it folkshúsfestingsûndersyk sadat we mei doel de hüsfesting fersoargje kinne fan alle befol- kingsgroepen yn al de doarpen en der hearre fansels ek de âlderen by. Ek al de doarpen ja, want it yndielen fan doarpen yn kategorieën hat fansels neat te meitsjen mei de mooglikheden fan wenjen mar alles mei it plak foar de grutskalige foarsjenningsdy't foar alle ynwenners fan belang binne. En alles mei it behearbaar hâlden fan de kosten fan ús grûnbedriuw. Wy binne der flak foar dat der jild stutsen wurdt, ekstra jild, yn it ûnderwiis. In basisfoarsjenning fan de earste oarder. Wy steane der efter dat der op net al te lange termyn foar de jongerein mear jild komt, dat it jongerenwurk koördinearre en stimuleare wurdt en wy sjogge fan in jongerenwurker ek benammen in taak yn de rjochting fan de wurkleaze jongeren. Yn'e mande mei Foarwurk, dat wol. We binne der wiis mei dat we dit jier al mear dwaan kind hawwe foar de âlderein. Dat it ferfiersprojekt foar âlderein en oare dreech mobile groe pen ütein set, sadat de sintrale foarsjennings ek te berikken binne. Dat ús miljeusoarch prima op oarder is. Net allinich nei de al folie faker neamde skieden ynsamling. Mar ek nei de ütfieringsmaatregels fan it NMP+, wêrby we hiel hurd dwaande binne efterstannen yn te rinnen. Yn de mande ek mei üs ynwenners, benammen de boeren, dy't dêryn harren stientsje wol bydrage wolle. We binne bliid dat we foar de grünsanearing mear jild útlûke kin ne Dat we de natoer yn ús gemeente fersterkje kinne yn in behoar- like ütwreiding fan de Alde Feanen rjochting de Burd. Dat der romte komt foar fytspaden. Dat Ja ik soe wol mear neame kinne bygelyks: de fersterking fan de sportakkommodaasjes yn ús gemeente. Net ûnomstreden, mar dochs oannaam; de doarpsfernijing dy't yn al üs doarpen syn beslach hat of meikoarten krije sil. It doarpsbehear dat der naadleas by oanslüt

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 4