- 49 - Dêr tsjinoer stiet dat wy mar in reserve hawwe fan noch gj in f 100,00 de ynwenner. In protte saken binne net fersekere en al soksoarte saken mear. It bedrach fan 1,5 miljoen is 3 jier lyn fêststeld en dan soe der no seker f 150.000,00 by op moatte. We moatte ek mei de algemiene reserve by de tiid bliuwe. It is hiel düdlik dat as it akwadukt djoerder wurdt de gemeente dêr ek oan bydrage moat. Dy reserve soe dêrom stean bliuwe moatte. De foars itter is it der net mei iens dat dit ütstel der troch- jage wurdt. Der is rom gelegenheid west ta diskusje en om yn finansjele sin taljochting te krijen oer de opbou en achtergrün fan de reser ves. Tsjin dit ütstel stiet ek in hiel aktiviteitenplan oer. As guon reserves net opheven wurde sil ek it ynvestearingsplan dêrfan de gefolgen ûnderfine en hoe moat dat dan ynfold wurde. Bladzijde 41; Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie grote moeite heeft met het antwoord van het college over de Boarnsterstim dat er nu weer gewacht moet worden op het onderwerp "voorlichting en promo tie". Tot twee keer is in de derde afdeling aan de Boarnsterstim gevraagd te wachten op het bestuursplan. Haar fractie vraagt met klem ook de Boarnsterstim het geld dat zij nodig heeft voor appa ratuur te geven. De hear Renia seit dat neffens him de Boarnsterstim al f 5.000,00 foar in mingpaneel krigen hat. De hear Van der Baan is net gelokkich mei it antwurd fan it kol- leezje op'e fraach oer it belied Frysk. Hy wol f 25.000,00 útlûke foar in yntegrearre belied oangeande it Frysk, kultuer en toerisme Wethâlder Nieuwdam seit dat it yndied hiel ferfelend is mei in lege beurs te stean. De Boarnsterstim hat yndied f 5000,00 krigen. Fierders hat it kolleezje hiel weromhâldend west en sein dat der net mear yn siet en dat de Boarnsterstim yn elts gefal de diskusje oer it bestjoersplan ôfwachtsje moast. It bestjoers- plan kin dus net in alibi wêze. De foarsitter seit dat it kolleezje net derfoar keazen hat f 25.000,00 beskikber te stellen foar it belied Frysk, kultuer en toerisme. Bladzijde 42: De hear Dotinga seit dat der dochs wat oan de Kooistrawei barre moat De hear Van der Baan ünderstreket dit. De foars itter seit dat op'e wurklist foar de gearkomste fan 17 novimber de ferkearsmaatregelen yn Wergea steane. De foarsitter slüt tydlik de gearkomste om 18.30 oere foar oerlis yn it kolleezje. Sy weriepent de gearkomste om 18.45 oere. It kolleezje stelt út om de reaksjenota konsept-bestjoersplan óf te hanneljen. De oare punten fan de wurklist soene dan op in oar tiidstip behannele wurde kinne. NOT1ONOVRAAD49

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 51