- 50 - De ried giet dêrmei akkoart. De foars itter wol ta stimming oer gean. As earste oer it oanpas- singsütstel fan it C.D.A., dêrnei oer it ütstel fan de F.N.P. As léste oer it ütstel fan de V.V.D. oer it net trochgean litten fan de besuniging op'e bestjoersorganen. Se freget oan it C.D.A. wat de achtergrûn fan de taakstellende besuniging fan in ton op'e salarispost 002 is en op hokfoar aktiviteiten dan besunige wurde moat. De ütstellen fan de F.N.P. binne tidens de behan- neling foldwaande taljochte. Se wiist de V.V.D. derop dat hy it net trochgean fan'e besuniging op'e bestjoersorganen dekke wol mei in ienmalich foardiel wylst it om in strukturele post giet. De hear .seuwsma seit dat de funksjepost 002 ien fan de grutste op'e begr .rting is. Fan't jier is dy post fan likernôch 5 mil joen nei ihwei 6 miljoen gien. Oan'e oare kant de ferheging fan de ynkomsten fan de gemeente fan 14,9 miljoen nei dik 16 mil joen. De reorganisaasje dy't noch net ôfrune is hie as eachmerk in effisjinter apparaat. Oant no ta is dér noch neat fan telâne kommen. De salarispost giet lykwols in hiel ein omheech. In ge meente as Weststellingwerf leit himsels in taakstellende besuni ging fan 3 ton op'e salarisposten op. It is in hiel normale saak dat sa'n besuniging oplein wurdt. By in bedriuw en de gemeente is ek in bedriuw, is de post arbeid de meast ferstoarende faktor De hear Bouma seit dat syn fraksje der fanüt giet dat yn 1993 der opnij in diskusje komme sil oer de bestjoersorganen. It giet foar it jier 1993 yndied om in ienmalich bedrach. De foarsitter seit dat wol yn'e beantwurding oanjûn is wat de achtergrün fan'e stiging fan salarispost 002 is. It kolleezje tinkt dat it net slagget om foar takom jier taakstellend in besu niging op te lizzen. Foar de jierren dêrnei bestiet yn elts gefal de gelegenheid foar in tarieding dêrop mocht der dan besletten wurde ta in taakstel lende besuniging. It kolleezje kin him net fine yn'e beneiering fan de V.V.D. as it giet om de besuniging op'e bestjoersorganen. De hear Breeuwsma freget wat der bard wie as de ynkomstenfer- heging fan 1,2 miljoen der net west wie. Dat miljoen ekstra wurdt wol bestege oan mearütjeften foar salarissen. Dat fynt syn fraksje ûnferantwurde. De foarsitter tinkt folstean te kinnen mei it antwurd dat it kolleezje al jün hat. As dy ekstra ynkomsten der net west wiene wie it noch problematysker west om de begrutting run te krijen. Yn stimming komt it ütstel fan de fraksje fan it C.D.A. sa as hjirnei beskreaun: Onttrekken aan de dekkingsvoorstellen: 30 Bibliotheekwerk f 13.000,00 31 Sociaal-cultureel werk f 5.000,00 32 Sport f 20.000,00 33 Peuterwerk f 5.000,00 34 Bruggen(Meinesloot) f 30.000,00 36 Bestuursorganen f 25.000,00 f 98.000,00

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 52