- 54 - 3Voorstel tot vaststelling van het concept-bestuursplan. De hear Breeuwsma seit dat it bekind is dat syn fraksje in alternative begrutting yntsjinne hat om foar te kommen dat hiele nuttige saken ferdwine sille. Dat alternatyf is hiel reëel en best ütfierber. Hy hat de yndruk dat beide koalysjepartijen harren tige krekt fèstlizze omt de foarige kear it hiele bestjoersplan ôfstimd is. It kolleezje wol no net mear links as rjochts sjen. Dat is foar syn fraksje reden tsjin it bestjoersplan te stimmen. De hear Bouma seit dat der krekt wol nei links en rjochts sjoen is en dat syn fraksje dêrom mei it bestj oersplan ynstimme kin. De dielplannen sjocht hy mei belangstelling temjitte. Nei syn betinken hat de CD.A.fraksje net ynhâldlik mar allinne mar op finansjeel mêd saken feroarje wollen yn it bestjoersplan. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje as iennichste krite- rium by de beoardieling fan it bestjoersplan de ütwurking fan it bestjoersplan hat. Oan de fruchten kint men de beam. De skore is by him net in positive sin ütfallen. Yn it bestjoersplan stiet dat de minske sintraal stiet. Dat is ek sa as it om it beteljen giet. Op it mêd fan it wolwêzen moat fan alles ynlevere wurde, dêr by komt ek noch in hegere belesting. Hy hat üt'e diskusje merkbite kinnen dat it benammen foar de lytse doarpen der net better op wurdt. In stik sintralisaasje wol syn fraksje per- foarst net op ta. It doel, it leefber hâlden fan'e lytse doarpen wurdt ûndergrûven. Hoe lyts in doarp ek is, it moat syn omtinken ha. De grutte moat de swakke beskerming jaan. Tal fan saken bin- ne net ütwurke. Der wurde allinne mar tasizzings dien, mar werklike aksjeplannen binne der net. It opheffen fan reserves betsjut dat der gjin strukturele oplossing socht is. Oan'e kimen sjocht hy al nije tekoarten ûntstean. Oer de wurkgelegenheid wurdt amper in wurd sein. Hy hat der earnstich beswier tsjin dat der gj in taal- en kultuerbelied üntwikkele is. Foardat earne oan begûn wurdt moat yn elts gefal de organisaasjestruktuer goed wêze. It kolleezje giet oan dat feit foarby. In nij elemint, it bedriuwsburo hat noch gj in ynfolling krigen. It kin fan alles wêze. Foar in echte oplossing fan'e problemen is in helder byld nedich. Dêr wêr't hy syn meiwurking jaan kin sil hy dat seker dwaan. Dit bestjoersplan en fral de finansjele gefolgen dêrfan kin hy net achterstean. De hear Ren ia seit dat eltsenien ferline j ier sjen koe dat it konsept-bestjoersplan dat doe foarlei net foldie oan'e ferwach- tings fan ús burgers en fan'e ried. Doe't syn fraksje dat plan dan ek ôfwiisde wie it syn yntinsje om mei de hiele ried en mei de oanbelangjende ferienings te kommen ta in bestjoersplan dêr't elts him yn fine koe. Der binne petearen fierd mei de boargers. Foar de ried binne wurkbyienkomsten belein dêr't it bestjoersplan haadstik foar haadstik groeid is. It spyt him tige dat no op it ein fan de rit twa fraksjes rigoreus nee sizze. Dat is net wat hy tocht en ferwachte hat. It needsaaklike repare- arjende belied is útsteld omt ûnder oaren it C.D.A. dêr om frege. Syn fraksje is dêr yn mei gongen om mei de hiele ried de rjochting fêst stelle te kinnen foar de takomst. It is net slagge. Spitich, mar it sil him der net fan wjerhâlde no foar dit bestjoersplan te stimmen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 56