- 57 - De hear Veldstra seit dat syn fraksje him yn grutte linen wol fine kin yn de dtstellen. Soarchlik binne de berjochten oer de ôffâlstoffenheffing. De hear Roorda seit dat syn fraksje him fine kin yn it ynfieren fan brêgejild foar de Meinesleatsbrêge. Hy referearret oan wat hy earder der ek al oer sein hat. De foars itter seit dat de diskusje oer de ôffâlstoffenheffing altiten hiel skrinend is. De ynwenners dogge tige harren bést en it is dan ek hiel spitich dat it sa'n bytsje opsmyt. Oer it tal hünen en de papieren ruften sil yn'e ófdieling praten wurde. Wethâlder Nieuwdam seit dat it ynsammeljen fan plastik al in tal jierren it omtinken fan it kolleezje hat. Spitigernóch moast de proef wer ófblaast wurde. It kolleezje hat no wer kontakt mei de gemeente Eaststellingwerf oer mooglik in nij projekt foar it ynsammeljen fan plastik. Ek de ferwurking fan it g.f.t. yn It Hearrenfean jout it kolleezje de nedige soargen. It proeffabryk yn it Hearrenfean hat, sa as bekind is net folie risseltaat hând. Foardat it fabryk fergrutte wurdt moatte earst de ris- seltaten fan de proeven bekind wêze. De hear Renia seit dat hy yn ûnder oaren "het rode nieuwsblad" en de "Leekster Courant" lézen hat dat de reinigingsrjochten dér folie leger binne. Hy wit net hoe't dat kin. De tariven sitte dér tusken de f 280,00 en f 300,00. Doe't it rioelrjocht ynfierd is is dat steld op f 125,00 en it soe dan 10 jier lang mei f 12,50 omheech gean. Wat der no bart is dat it rioelrjocht mei 10 omheech giet. Dér hat hy wol fraachtekens by. It giet om in goede finansjele ûnderbouwing foar de fernijing fan'e rioelen en der hoecht dan ek net mear jild binnen te kommen dan dat dêrfoar nedich is. No't de rjochten mei 10 Z omheech geane sil wol oantoand wurde moatte dat dat nedich is. Hy wiist noch efkes op itjinge hy sein hat oer in bettere ferdieling fan'e ferantwurd- likheid tusken de brûkers fan'e sportfoarsjennings en de gemeen te. De hear Bouma tinkt dat it OLAF dochs in soad ynfloed hat as it giet om de hichte fan're reinigingskosten. Ek sjoen de berjoch ten oer it kompostfabryk sil ús fertsjintwurdiger yn it bestjoer fan it OLAF alle war dwaan moatte foar te kommen dat it hiele ferlies ófwentele wurdt op'e gemeenten. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje ek net akkoart giet mei de ferheging fan'e hiertariven fan'e sportakkommodaasjes Mevrouw Van den Berg vindt dat er voordat tot huurverhoging wordt overgegaan eerst een sportnota moet komen. De foarsitter tinkt dat it wol goed is nei te gean wannear't er foldwaande jild foar de fernijing fan de rioelen binnen is. Wethâlder Nieuwdam seit dat it altiten aardich is de tariven fan ferskate gemeenten te ferlykjen. Yn de berekkening binne dy kos ten meinommen dy't troch it OLAF tarekkene wurde plus de kosten fan'e eigen organisaasje. NOTlONOV/RAAD/57

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 59