- 3 it wolris wier mei lytse stapkes mar dochs stadichoan optugen fan de mooglikheden foar de lytse rekreaasjefeart In düker yn de Himpensermarde Swin-Swetteferbining; it op djipte bringen fan farwetters; it omlizzen foar in part fan de Boarn ensafuorthinne In grutte list fan positive saken. Al stâl jûn of kommende wei as it nije bestjoersplan oannaam wurdt. Mei sin ha ik se opneamd. Mei sin om't ik my betiden ergerje oan al dy lju dy't oars neat skine te kinnen dan te sangerjen hoe slim it wol net is yn dizze gemeente en hoe misdield at se wol net binne. Betiden skynt men troch de weelde de seinigingen net mear te sjen. Hat net elts doarp goede sportfersjenningsin goede skoalle, mienskipsromten. Is der net in romme sprieding fan bibleteekfersjenningsfan jeugdhonken, pjutteklassen, de musykskoalle. Binne de doarpen net goed berikber ek ûnderling. Ja, it kin better, altyd kin der mear. Dat mear is nea fol. Mar dan moat men him fansels wol realisearje dat de gemeente net dy bekinde esel is dy't goud skyt. Dat de gemeente net by elts winsk jild lizze kin; jild dat dochs wer by de boargers wei komme moat. Ja, en dat moat ik ek noch efkes kwyt, it jild wurdt yn dizze gemeente bestege oan de ynwenner en syn foarsjenningsNet oan djoere nije gemeentekantoren, skouburgen of oare prestige-objek- ten Seis in autobrêge koe net lije. Der sil wol ris wat mis gean mar oer't gehiel libje wy yn in so bere en sunige gemeente. Dy geast ademt ek it bestjoersplan. Dêr kinne wy dan ek mei út de fuotten. Dêr sille wy dan ek foar de folie 100% efter stean. Mei besunigings en al. Dan is dat mar dúdlik. Bin der dan alhiel gjin saken dêr't wy min oer te sprekken binne. Fansels Dy wolle wy fanüt in positive yntinsje nei foarren bringe. Wat binne dat? Der binne minsken yn dizze gemeente dy't echt reden ta kleien ha. Mar dy hear je meast net. Dat binne de minsken dy't mei in lytse útkearing of mei minimaal A.O.W. run komme moatte. Wurkleazen, allichsteande âlders, âlderen, W.A.O.-ers. Minsken dy't troch it oprinnen fan bygelyks wenlesten en syktekosten sadanich yn'e knipe komme dat se faak net iens gebruk meitsje kinne fan al de foarsjennings dy't de mienskip biedt. It kwytskeldingsbelied fan de gemeentlike belestings en heffin gen is troch de ryksoerheid hast om sjippe holpen. As it kin moatte wy it tapasse. Mar der moat neffens üs mear barre. Wy ferwachtsje foar it kommende jier útstellen fan it kolleezje, oangeande in regeling foar de minima. Foar ünder oaren in bydrage yn de maatskiplike kosten. Foar de minima en wa't der krekt boppe sit. In gliedsjende skaal is hielgoed mooglik. Oare gemeenten fertoane dat ek. En as de bysûndere bystân allinich soarch op maat -mûltsjesmaat is dat dan meast - ta stiet, dan dogge we dat.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 5