60 - 6Tweede wijzing begroting algemene dienst (herschikking reserves) De hear Van der 3aan fynt dat dit wat al te maklik giet. Hy wol op foarhân de folgjende reserves net opheffe: rekonstruksje- aktiviteiten iepenbier grien, ferkeapaktiviteiten iepenbier grien, algemiene foarsjenningen diverse boukompleksen en it mienskipssintrum Grou. De hear Breeuwsma leit der noch sterk de klam op dat de bestim- ming fan reserves sa as no bart neat opsmyt. It is koarte term- yntaktyk. Dêrom soe syn fraksje hiel bot tsjin dit ütstel wêze moatte, mar dat docht hy net omt dat dan de begrutting folslein op'e kop leit. De hear Veldstra tinkt dat de wiziging yn it fûns foar Frede en Solidariteit sa net kin. Op 19 jannewaris 1988 is besletten ta it ynstellen fan de kommisje en har wurkwize. Der is doe beslet ten ta fünsfoarming. Arguminten om ta dizze opset oer te gean wiene neist it slachfeardich wurkje kinne fan'e kommisje tefoa- ren te kommen dat it jild dat jierliks oerbleau wer werom moast. Der is doe sein dat der út dizze opset wat te learen wêze soe foar oare gemeentlike kommisjes. In evaluaasje om in oare wurk wize te kiezen hat der nea west. Dat betsjut dat hjir in düdlike riedsütspraak leit dêr't it kolleezje him oan hélde moat. Om it eventueel oars te dwaan sil earst in evaluaasje plakfine moatte en dêrnei in fûnemintele diskusje tusken ried en kolleezje, yn'e geast fan'e diskusje op 19 jannewaris 1988. Der binne mear rede nen om net mei dit underdiel akkoart te gean. Sa as de diskusje oer it wurkjen fan'e kommisje sûnder amtlike stipe. Fanút de re gels fan'e demokrasy ferwachtet hy dat der earst útûnderhannele wurdt. Ynkoarten sil de begrutting foar 1993 fan'e kommisje presintearre wurde wêryn in protte aktiviteiten opneamd wurde dy't it nedige jild kostje. Koartlyn is de gemeente ek noch in freonskipsbén oangien mei de gemeente Horazdovice. Horazdovice, út it lén fan'e flewielen revolúsje, mar wêrfan mi nister Dales koartlyn noch sein hat dat de demokrasy wol ynset- ten is. Lykwols lykje de ferkiezings noch net op wat wy dêrfan gewoan binne. Se rôp op maksimale stipe te ferlienen. Genôch re denen om dit ûnderdiel oan te hélden. Foarop foar him stiet lykwols de riedsütspraak fan 19 jannewaris 1988 wêryn de ried de kommisje it behear oer dit jild taskikt hat. De foarsitter seit dat it hjir giet om it frijmeitsjen fan in tal reserves. No moat de beslütfoarming dêroer plakfine. In beslütfoarming dy't net allinne giet oer it opheffen fan reser ves mar ek oer de fraach hoe't yn 1993 omgien wurde sil mei de romte dy't der sa üntstien is. Yn dy sin is it dreech te reagear- jen op de F.N.P. dy't net oanjout hokfoar plannen der net troch- gean moatte soene as de troch him neamde opheffing net troch- giet. Se is der bliid mei dat it C.D.A. dit sjocht as in gefolch fan earder nommen besluten en dochs meigiet mei dit ütstel. Elk füns hat syn eigen achtergrün en skiednis. Dat jildt ek foar ie kommisje Frede en Solidariteit. It kolleezje tinkt dat de sitewaasje sa is dat dit barre moat. Alles kin oer diskusiearre wurde, it is oan'e ried hokfoar beslüt der nommen wurdt. Mei it feit dat der noch wol wat oer- bliuwt foar de kommisje Frede en Solidariteit kin it wurk fan ie kommisje wol trochgean, mar miskien net yn it tempo wat de hear Veldstra foar eagen stiet.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 62