- 4 - Fierder hoopje we meikoarten mear te hearren oer de waarm-miel- foar-sjennings foar de âlderen. We binne der tige benijd nei. Wy rekkenje der op dat it budget fan behear- en ûnderhâld fold- waande is, yn dy sin dat it fansels prachtich is om oan doarps- fernijing te dwaan, mar der heart ek in goed ûnderhâld fan grienfoarsjennings by, faaks as in ûnderdiei fan it doarpsbehear En no't we der dochs oer hawwe; foar doarpsbehear sil de doarps- of wykferienings ek in budget ha moatte. Faaks kin it út de nor male ûnderhâldspotten. We misse ek in tal saken yn it bestjoersplan. Ien ha we al neamd: De minske en syn wurk. It stiet by de fragen. Nei oanlieding dêrfan wolle wy aanst ek in moasje yntsjinje. In twadde is: De minske en syn kultuer. Dêr wêr't wy freegje om in deeglik plan fan oanpak foar de wurkgelegenheid yn dizze ge meente; - de wurkleazens rint wer wat op - kin j im op dit mêd folstean mei it taheakjen oan it bestjoersplan fan in kulturele notysje. Dêryn moat plak fine de ynventarisearing fan alle kultuerütings yn dizze gemeente. Ek yn de foarm fan gebouwen en lytse monumenten. Der heart in oersjoch by fan musea ensafuorthinne mar ek soene der ideëen ynstean kinne oer wat de utingen fan kultuer, rom besjoen betsjutte foar de boargers fan dizze gemeente en foar üs gasten. Dêrnei kin der in plan fan oanpak makke wurde. Frysk heart der fansels ek by. Fierders moat üs fan it hert dat der mei faasje in toeristysk- rekreatyf aksjeplan komme moat. It giet fansels net oan en hef hast alle doelreserves yn'e gemeente op - ynklusyf in grut part fan de pot fan de kommisje foar Vrede en Solidariteit, it jout üs in frekt lyts bytsje freugde - en lit in reservepot fan goed 2 miljoen bûten beskôging. As we der net gau wat nuttigs mei dogge yn de rjochting dy't ús foar eagen stiet, dan witte wy noch wol wat goede doelen foar dizze Yn'e Lijte-pot. Ek wol ik noch wize op'e needsaak om einliks ris út te kommen mei dy sportnota. Op myn turflystje freegje ik dat foar de tredde kear. En dan ha ik noch ien noat op myn sang. En dat is in hiele drege noat. Ombûgings binnen de budzjetten fan de besteande foarsjennings Wy hiene de hope dat it ôfwizen fan it earste konsept fan it bestjoersplan der ta liede soe dat der yn goed oerlis mei de belutsen groeperings oplossings fûn wurde soene foar de ferskate knyppunten yn benammen de finansiering fan dizze foarsjennings Der hat oerlis west en der binne in tal positive saken útkaam. De doarpsbelangen koene har fine yn it bestjoersplan. Wolris kritysk mar oer't generaal mei in positive grûnhâlding. As we by it fêststellen fan it folkshúsfestingsplan de noed fan de bejaarden oer de húsfesting yn de ferskate doarpen wei nimme kinne dan is de grûnhâlding der ek posityf. De jongerein kin him fine yn de plannen. De brânwar hat syn organisaasje trochljochte, hat seis in besuniging fan in f 30.000,00 oanjûn en hat no in opset dy't boargers feilichheid j out De bibleteken binne struktureel oan de gong west en ha in moog- likheid fün te besunigjen sûnder grut ferlies fan sprieding.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 6