- 5 - Foar de begraffenisfoarsjennings is in wurkber belied dtsetten dêr't men him oer't generaal yn fine kin. De musykskoalle is untsjoen mar hat no wol de plicht middels hegere bydragen de wachtlist fuort te wurkjen. Ek de jachthavens binne regele. Bliuwt oer in dikke oast foar de sport, de pjutteklassen en it sosjaal kultureel wurk yn ingere sin. Wy soene ek dêr graach in strukturele en heldere oplossing foar ha. In oplossing dy't düdlik is en der net ta laad dat der by elke needsaaklike besuniging wer de bekinde metoade fan hakken en plakken út de kast helle wurde. En wy sjogge oankommen dat der takommende jier ope nij om jild socht wurde moat. Der moat ommers mear jild nei gemeenten mei in sosjaal swakkere struktuer. In gemeente lykas uzes sil deroan betelje moatte. Boppedat slacht Den Haach wer oan it besunigjen. Wy geane akkoart mei it bestjoerplan en ek mei de útstelde besunigings mar wy wolle graach dat der takommend jier in oare foarm fan subsidiearing ûndersocht wurde sil. As dat wat liket kin de subsidiearing feroarje en faak foar guon minder negatyf útfalle. Wy tinke dat de gemeente foarwaarden skeppe moar foar sport, jeugdwerk, pjuttewurk ensafourthinneFoar de sport bygelyks soe dit foar üs lizze kinne yn de lijn fan it gebou en it fjild. De gemeente soarget foar de ynstânhâlding fan it sportfjild, foar it grut ûnderhâld en makket in reserve foar renovaasje. De brûkers soargje foar eksploitaasje en lyts ûnderhâld, yn dat gefal bygelyks it meanen. De hier kin dan ferfalle. De gemeente soarget foar it ynstân hâlden fan de gymlokalen en de vnventaris, de gebrûkers steane op oerebasis noed foar de eksploitaasje dus wetter, gas elektrysk en skjinmeitsjen. Dat wurdt ferrekkene yn in oere priis mei in sekere gelykskeakeling oer de gemeente. By it budget fan it sosjaal kultureel wurk it folgende. Men soe yn goed oerlis ris in tal saken besjen moatte. A. Hokker saken hawwe binnen it sosjaal kultureel wurk de heechste prioriteit. (Te tinken fait bygelyks oan it jeugdwurk, de pjutteklas sen, bejaardenwurk en miskien in ynstrumentenfûns B. Dogge de subsydzjes wêrfoar se ornearre binne? (Kin men bygelyks de hüsfestingsfergoeding foar elts klubke net better omsette yn in stimulaasjefüns dat oanjeachpreemjes jout, of stipe oan bysündere ienmalige saken.) C. Moat - benammen by budzjetfinansiering- de subsydzjesstream noch wol fia de wolwêzenskommisje rinne? (Faaks wurdt dy oerstallich of folie lytser.) Lit üs dit ris besjen it kommende jier. Lit we no de moed ris ha om fan de bewende paden óf te gean. We sille it dochs mei elkoar mei it jild réde moatte. Ofslutend foarsitter: as dit bestjoersplan útfierd wurdt, dan hat dit kolleezje foldien oan datjinge wat yn it kolleezjeprogramma stiet. Dien wat se ünthjitten hat op hast alle ûnderdielen. Allinich foar de Boarnsterstim en it gemeentemuseum is noch net in echte oplos sing. Wy tinke dochs dat mei wat kreatyf tinken en wurkjen ek dizze wol troch de tiid komme. MOTONDU/RAAHS

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 7