- 6 - Wat net neffens belofte is, is dat de lesten fan de boargers net te heech opjage wurde mochten. Dat stie ek yn it kolleezje- wurkprogramma Dat is net slagge. Dan bedoel ik net de ferheging fan de ûnreplike saakbelesting - krapoan 2,5% oer de perioade 1986-1996, bliuwt fier efter by de taname fan de keapkrêft fan de measte lju en boppedat is it nei draachkrèft - mar ik bedoel al de lesten foar hüssmoargens en rioelen. f 600.000,00 lestenferheging yn Boarnsterhim stie yn de krante. Wol 4,5 ton dêrfan is foar ditsoarte fan saken oangeande üs ei gen smoargens. Dit is in gigantysk probleem oan it wurden. Wy freegje üs stadich oan óf oft dat O.L.A.F. wol effisjint en ekonomysk te wurk giet. f 350,00 foar jins j iske-amerpûde en dan binne wy yn Boarnsterhim noch lang de heechste net. Dat is al fiersten te heech oprûn. En omdat de lesten sa heech oprinne fine wy dat der ek mei klam nei it bestjoer sjoen wurde moat. Dat kin ek foardeliger. Yn de foarste plak sil der hiel gau düdlikheid komme moatte oer de haadstruktuer Wy frege üs óf oft we net folstean kinne mei twa riedsóf- dielings, oft alle kêst 61 kommisjes wol nedich binne. Wy moatte wol düdlik sjen nei de hichte fan de riedsfergoedin- gen. Troch it bestjoersplan kin de rie him no tenei ta de haad- linen bepale. Dat kin fansels ek omt üs amtlik apparaat syn ferantwurdlikens oer't generaal best oan kin. Dêr foar üs tank. Foarsitter, No't üs eigen hüs yn kalk en semint komt, is it goed om ek noch ris stil te stean by alles wat yn'e wrâld om üs hinne bard. Fieróf, mar ek hiel tichby. Guon barren liket hast in nacht- merje. It liket ek as soene tiden, wêrfan we tochten dat se fier efter leinen yn Jeropa, wer weromkomme. Lit üs foarsitter, de doar fan üs hüs iepenhâlde foar dyj ingen dy't nearne telâne kinne en oan harren lot oerlitten wurde. Lit we helpe en dêr wer't it kin freonskipsbannen oangean. Foarsitter, jo leauwe it hast net tink ik, mar ik hâld op. Nochris tank oan alle meiwurkers fan dizze gemeente, tank oan 'e oppesysje dat se üs alert hâlde. Ik ha sein. Myn turflistke: minimabelied folkshüsfestingsplan wurkgelegenheidsplan toeristysk rekreatyf aksje plan kulturele notysje sportnota oare ferdieling lesten gemeente/gebrûker by sport/sosjaal kultureel wurk. De heer Bouma zegt: Voorzitter, De jaarlijkse behandeling van de begrotingen biedt de mogelijk heid om algemene beschouwingen te houden. Voor de opstellers van dit stuk altijd weer een hele opgave. Ondergetekende stelt dit huiswerk dan vaak ook uit tot enige dagen voor de grote dag. i nvT/M

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 8