De hear Van Gorkum seit dat dêr dan de öfspraken dy't jün yn'e
stjoergroep makke wurde sille byfoege wurde sille.
De foarsitter antwurdet de hear Van der Baan dat dit in beslet-
ten gearkomste fan de gemeenteried is.
De hear Breeuwsma is it dêr net mei iens. Yn in besletten gear
komste binne allinne de riedsleden, de foarsitter en de siktaris
oanwêzich. Dêr wurde ek aparte oantekens fan makke, dy't ek wer
yn in besletten gearkomste goedkard wurde moatte. Hy fynt dat
hjir sprake is fan in ynformative gearkomste.
De foarsitter seit dat wat it kolleezje oanbelanget dit in
besletten gearkomste is dêr't de ried ynformaasje krijt fan par
tijen. Dy ynformaasje kin op dit stuit noch net iepenbier jün
wurde.
De hear Oosterhof freget oft foar it bouwen fan'e wenten ek
bouleges frege wurde sille.
De hear Van der Baan tinkt dat de meast essinsjele fraach is mei
wa't we ünderhannelje. Hy wol derfan oertsjoege wêze dat de hear
Meijer in betrouber man is. It kontrakt sa't dat der no is sit
fol iepen einen, Meijer hat gj in inkelde ferplichting op him
nommen. Dat fynt hy wol tige opmerklik omt krekt de hear Meijer
der alle belang by hat ta dizze üntwikkeling te kommen, hy wol
der jild oan fertsjinje. It is ek opmerklik dat de gemeente hjir
wer jild, in kwart miljoen, bylizze moat. Dat is yn tsjinstel
ling mei wat earder ofpraten is. Tsjin guon sinsneden ut it blau
we boekje, side 3, hat hy beswieren omt hy fynt dat de garansje
der komme moat. Dy garansje kin easke wurde. Der is sprake fan
in stik morele druk nei de ried ta. Der moat dochs foar de ge
meente en net foar de projektüntwikkelder praten wurde? Hoe sil
der no regele wurde dat der in ferplichting komt ta it ferhieren
fan'e wenten. Dy "ferplichting" kinne op alle mooglike manieren
omsyld wurde, minsken binne snoad. Hy tinkt dat de yllüzje dat
de ried middels kontrakten ensafuorthinne dêr grip op halde kin
wol loslitten wurde kin.
Mevrouw Van den Berg legt er de nadruk op dat er ontzettend veel
open einden zijn. Zolang de risico's niet goed afgedekt zijn
heeft haar fractie de grootst mogelijke moeite met dit ontwikke
lingsplan voor Terherne. Dit project biedt het dorp niets. Het
is een illusie dat dit project veel nieuwe werkgelegenheid met
zich mee zal brengen.
Mefrou De Boer hat lézen dat de maatskiplike en ekonomyske
effekten ündersocht binne. Dêrüt docht bliken dat der wol in
protte nije wurkplakken komme sille. Se freget wat der foar de
groep midden en legere ynkommens oerbliuwt yn Terherne wat de
kar fan it hieren fan simmerhüskes oanbelanget. Se tinkt dat de
ferhierplicht net maklik te kontrolearjen en hurd te meitsjen
is. Se fynt it wat tsjinstridich dat der no stiet dat eigeners
mei mear as 30 wenten net hoege te ferhieren.
N0T21JAN.l/H/8