- 10 - De hear Van der Baan seit dat him nei de twadde gearkomste blik- en dien hat dat der dochs wol problemen oangeande de folkssünens üntstean kinne. Wat dat oanbelanget hat hy inkelde publikaasjes opfrege dy't net tige ferüntrestend binne mar wol in oanwizing jouwe dat der twifel wêze mei oan de advisearring fan NoZeMa en de P.T.T. It ündersyk dêr't men no mei dwaande is hat noch g j in risseltaten opsmiten, it kin noch alle kanten üt. Syn fraksje twifelt der dan ek oan oft it wol sa ferstannich is om de stjoer- mêst op dit plak te setten. Ut planologysk eachpunt hat dat ek noch it foardiel dat der mear mooglikheden foar wentebou binne as de mêst op in oar plak komt. As de mêst wat büten de bebou wing komt te stean kin de steuring yn'e üntfangst tefoaren kom men wurde. Boppedat hat de P.T.T. g j in beswier tsjin in oar plak. Syn fraksje is om boppeneamde redenen derfoar de mêst op in oar plak te setten. De hear Dotinga seit dat syn fraksje ynstimt mei it ütstel. Hy hopet lykwols dat it kolleezje him halde kin oan'e tasizzing oangeande de klachtenregeling. Kin der ek wat fan de P.T.T. ferwachte wurde as de wentebou al rjochting de mêst komt. De hear Ren ia seit dat mooglike beswieren tsjin dizze mêst fün wurde moatte soene op technyske as planologyske grünen. Wat de technyk oanbelanget is him gjin inkeld rapport bekind dat der gefaar foar de folkssünens wêze soe omt de mêst foldocht oan europeeske noarmen. As it om'e utwreiding fan Jimsum giet wurdt der neffens him earst tocht oan'e trijehoeke by de Moezel en de Grou. Der is him ek fersekere dat sjoen de hjoeddeistige noarmen wol oan'e mêst taboud wurde kin. Al mei al sjocht syn fraksje gjin arguminten om tsjin dit ütstel te stimmen. Wethouder Aukes zegt dat er van alle kanten naar het verzoek is gekeken. Er is vastgesteld dat de aanvraag voldoet aan de gelden de normen. Naar aanleiding van een vraag van de fractie van de F.N.P. is nog eens gekeken naar welke rapporten er zijn en welk onderzoekswerk er is verricht. Er is internationaal onderzoek gedaan door International Radiation Protection Association (I.R.P.A.), die internationale richtlijnen heeft afgegeven. Op basis van die aanbevelingen is in Nederland de richtlijn voor radiofrequente straling ontstaan. Op basis daarvan heeft het ministerie nonnen opgesteld. Het college vindt dat er de nodige aandacht is besteed aan onderzoek en de richtlijnen zijn helder. Hij ziet geen reden niet te voldoen aan het verzoek van NoZeMa. Het ministerie van Verkeer en Waterstaat heeft een controlerende functie. Zij is het wat betreft de locaties voor woningbouw met de heer Oosterhof eens. Nog niet zo lang geleden is er met het dorp gekeken naar mogelijke locaties. Nu deze aanvraag er ligt komt men ineens met de locatie nabij de mast. In het bestemmings plan zijn verschillende locaties aangegeven. Zij vindt dat het daar bij moet blijven. In de vierde afdeling is haar verzekerd dat er een goede klachten- en schaderegeling komt. De hear Van der Baan fynt it antwurd fan'e P.T.T. yn'e fjirde öfdieling net befredigjend op syn fraach oft der büten Nederlan ek oare noarmen hantearre wurde. Men sei doe fan net. Yn it mate riaal fan Natuer en Miljeu stiet krekt wol dat yn Nederlan oare noarmen binne as yn lannen as Japan, Ingelan en Australië. Hy haldt dus wol syn twifels oer dizze saak. Hy wol graach dat de wethalder hjir nei femimt. NOT19JAN.l/H/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 12