- 3 - Mefrou Veldstra neamt noch efkes it taksaasjerapport dat fan augustus 1991 is. Der sil no fêst in hegere priis frege wurde en dat is spitich. Wethalder Bloem wol har no net ütlitte oer de hichte fan'e priis. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 4Voorstel tot het aangaan van een Huur- en Exploitatieovereen komst met Sportfondsen Nederland N.V. en Sportfondsen Boarnsterhim B.V. i.o. Mefrou De Vries seit dat har fraksje ynstimme kin mei it ütstel. Sy wol graach as ried belutsen bliuwe by dizze hier- en eks- ploitaasjeoerienkomst. Sy soe dêrta graach de weromkeppeling nei de ried hiel goed fêstlein hawwe wolle. Mefrou Veldstra dielt de miening fan mefrou De Vries. Mevrouw Van den Berg hoopt dat deze overeenkomst dat resultaat zal geven dat zij er van verwacht. Zij heeft eerder aan de wet houder gevraagd in het raadsvoorstel op te nemen waaruit de con trolerende functie van de raad bestaat. Wethalder Nieuwdam seit dat yndied fergetten is de weromkep peling yn it ütstel fêst te lizzen. Alle relevante saken: rekkens, begruttings en oare wichtige ynformaasje sil ek nei de ried tagean. De jierstikken foar de goedkarring troch de ried en de rest as ynformaasje. Der sil ek op oare terreinen foar soarge wurde dat de ried safolle mooglik belutsen wurdt by it dwaan en litten fan it sportkompleks Mevrouw Van den Berg wil de terugkoppeling graag in het raadsbe sluit zien opgenomen. De voorzitter zegt dat toe. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 5. Voorstel tot het geven van een reactie op het ontwerp Structuur schema Groene Ruimte. De foarsitter seit dat der hjoed noch kontakt west hat mei it ministearje om fêst te stellen dat wat sein is oer de terminen krekt is. De reaksje fan jün sil meinommen wurde yn'e ynspraak. De hear Van der Baan fynt it spitich dat we mei in lette reaksje komme, der wie mear as tiid genöch om te reagearjen. Syn fraksje fynt dat it Struktuerskema net wêze moatten hie. It hat foar in geweldich stik maatskiplike ünrêst soarge en der is in tsjinstelling kaam tusken lanbou en miljeubeweging. Dat is foar Fryslan in skealike saak. Hy kin him fine yn de opstelling fan it kolleezje oer de Blauwe Sóne. Hy fynt dat de gemeenteried it Struktuerskema fersmite moatte soe wat Boarnsterhim oanbelan- get. Hy hie leaver de totale reaksje by de stikken hawwe wollen. Ien fan'e sinsneden sit it gefaar fan in misfetting yn. De sin ünderoan side 7 hie oars formulearre wurde moatten. In PKB is hast in wet en alles oerhearskjend. N0T16FEB.l/H/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 20