- 4 - Alles wat dus yn'e Blauwe Söne neamd wurdt wurdt ündergeskikt oan de PKB. Us eigen plannen kinne dus troch it Struktuerskema oan'e kant skood wurde. It Struktuerskema soe passé moatte yn de Blauwe Söne en is dus eins oerstallich. It Struktuerskema jout gjin ekonomysk perspektyf foar dizze streek en dat is in grut beswier foar him. Oangeande de sinsnede üt'e reaksje op side 9 merkt hy op dat it fansels net allinne giet om produksjefolume. Essinsjeel is it ynkommen fan'e minsken. It jild wat beskikber komme soe moat brükt wurde foar in natuerfreonlike lanbou. Gelokkich hat it kolleezje de opmerking oer de gründruk korrisje- arre. De gründruk is net leech benammen net as miljeufreonlike lanbou tapast wurdt. Hy fynt dat we op üs hoede wêze moatte foar de tinkwizen fanüt de ranestêd wei. Der is seis oer praten dat ekonomyske swakke gebieten wol under wetter rinne kinne soene. Sa'n opmerking moat fül tsjin protestearre wurde yn Den Haach en dat kin miskien yn de reaksje op it Struktuerskema ek wol neamd wurde. Hy fynt dat de réaksjes fan'e maatskiplike organisaasje mei dy fan de gemeente nei Den Haach stjoerd wurde moatte. Gearfetsjend seit hy dat syn fraksje tinkt dat der yn Fryslan mar ek yn Boamsterhim tagien wurde moat op in milj euf reonlike ynfrastruktuerDat kin sawol lanbou as yndustry omfetsje. Fan belang fynt hy dat it Struktuerskema yn wezen öfwezen wurde moat. De hear Oosterhof kin him oanslute by it léste wat de hear Van der Baan sein hat. Yn'e Blauwe Söne wurde goede dingen dien. Der binne goede ófspraken mei ferskate groepearings üt'e befolking, sa as lanbou, natuer en mei guon ministearjes. It foardiel fan'e Blauwe Söne is dat de ried dér goed by fertsjintwurdige is. Hy is der bliid mei dat de reaksje aardich feller wurden is. Syn fraksje wol dat it Struktuerskema Griene Romte öfwezen wurdt en gean fierder mei de Blauwe Söne. De hear Breeuwsma fynt dit in sa wichtich ünderwerp dat der eins wol in ekstra riedsgearkomste foar belein wurde mocht hie. Earder hat syn fraksje der op wezen dat de gemeenten, Boamsterhim, Tytsjerksteradiel, Smellingerlan, meielkoar prate moatten hiene al fanöf it begjin dat it Struktuerskema der lei. No hawwe provinsje, lanbouskip mar ek de neistlizzende gemeenten Tytsjerksteradiel en Smellingerlan it Struktuerskema öfwezen. Dat moat Boamsterhim ek dwaan. Wêrom wol it kolleezje sa fier net gean? It Struktuerskema de Griene Romte sil de lanbou in behoarlik stik wurkgelegenheid kostje. Om noch mar net te praten oer de dêrfan öfliede wurkgelegenheid sa as by de FRICO. Hy fynt it spitich dat it kolleezje sa hoeden mei dit rapport omgiet. It Struktuerskema soe düdlik öfwezen wurde moatte. De hear Ren ia seit dat der op it stuit hiel wat te réden is yn Fryslan. En elk wol Fryslan réde. De iene wol de natuer réde en meitsje yn Mid Fryslan in hiel grut Aide Feanen-gebiet. In oaren ropt dat dat net kin omt der ek boeren wenje en der wurdt ek al sein dat se de seediken trochstekke wolle. Wer in oaren ropt dat in lyts Pemis by Stobbegat de oplossing is as in Botlekgebiet by Hjelbeam. In treddenien ropt dat der noch wol mear boeren hjirhinne kinne mei stront en al. Men slacht deryn om as malle Jan yn'e hinnen. It spitst him üteinlik allegear ta op in tochte tsjinstelling tusken natuer en wurkgelegenheid. Neffens syn fraksje bestiet dy tsjinstelling der yn wêzen net. Natuer en wurkgelegenheid hawwe mekoaren nedich, benammen hjir yn Fryslan. N0T16FEB.l/H/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 21