- 6 - Mefrou Santema seit dat as de hear Van der Baan der sa fan oertsjüge is dat we te let binne mei de réaksje hy ek net safolle wurden dêroer hoecht te sizzen. Dizze troch Den Haach opleine plannen binne ien grutte heap papier. Spitich dat der safolle amtners, safolle tiid yntreaun is en dat dat no op ge- meentlik nivo wer bart wylst we al mei de Blauwe Söne dwaande binne. It is slim wat der by DAF en Philips bart mar de wurk- leazens yn Fryslan is like slim en dêr wurdt praktysk neat oer sein. De hear Breeuwsma bliuwt derby dat in öfdielingsgearkomste gjin riedsgearkomste is en hy üntstriidt dat de gemeente op tiid is mei de réaksje. Syn fraksje fielt der neat foar it C.D.A.-ministearje te folgjen as se it dêr ferkeard dogge. Hy fynt dat dy hin dêr't de wethalder it oer hie en dy't net steurt wurde mocht dochs mar öfskopt wurde moat. Der sitte somtiden "koekoeksaaien" yn it nést. Hy tinkt dat de finansjele gefolgen fan dit Struktuerskema folie grutter binne dan no tocht wurdt. Men wol troch Domeinengrün te ferkeapjen de oankeap fan natuerge- bieten finansiere. En dat earste giet no krekt hiel muoisum. Syn fraksje fynt dat it kolleezje net fier genöch is yn syn réaksje. Hy is fan betinken dat it Struktuerskema öfwezen wurde moat. De hear Ren ia seit dat as de hear Breeuwsma de hin der dochs öfskoppe wol hy dus tsjin de Blauwe Sóne is. Hy fynt dat yn de réaksje stean moat dat wy de Blauwe Söne ütfiere wolle en as it Struktuerskema dêrmei gearfalt is dat bést. Sa net dan wurdt it Struktuerskema net utfiert. Wethouder Aukes zegt nogmaals dat zij niet snapt dat er gezegd wordt dat we te laat zijn met de reactie. Dat is niet zo, daar heeft het college zich van alle kanten van verzekerd. Wat de reactie betreft: er leiden vele wegen naar Den Haag. Zij wil zeker niet op haar geweten hebben dat er niet door wordt gegaan met de Blauwe Zone, of anders gezegd dat de broedende kip van het nest wordt gestoten. Den Haag heeft met de provincie de af spraak gemaakt dat de Blauwe Zóne uitgewerkt moet worden. Het college wil ook dat als eerste omdat dan vanuit het lokale ge bied beslissingen kunnen worden genomen. Die beslissingen dienen te passen binnen de PKB en als het niet past is het college te gen de PKB. Die conclusie wil zij wel in de samenvatting opnemen. De foarsitter seit dat yn'e öfdielingsgearkomste oan it kollee zje frege is de tekst fan'e réaksje skerper te meitsjen. Hy fynt dat dat ek bard is. It kolleezje is fan betinken dat der op re gionaal nivo beslissingen nommen wurde moatte. Op'e gearkomste yn Wergea waard hiel faak it wurd"paperfersnipperaar" brukt as it om it Struktuerskema gie. Dat is demagogysk praat. As it om it belang fan'e boeren giet sil der op in soarchfaldige wize nei it Struktuerskema sjoen wurde moatte. Hy wol graach fan'e ried hearre op hokfoar punt it kolleezje net foldien hat oan itjinge de ried wol. Hy soe it spitich fine dat de diskusje belanet yn'e proseduerele sfear wylst ried en kolleezje it yn essinsje mei mekoar iens binne. As it Struktuerskema hielendal weismiten wurdt wurdt de Blauwe Söne ek net ütfierd. As de ried wol dat it oerlis op regionaal nivo tusken de boeren, de gemeenten, de rek- réaasje, miljeubeweging en de wetterskippen echt wat betsjut dan moat it Struktuerskema net fuortsmiten wurde. De goede dingen moatte derüthelle wurde en de minne fersmite. NOT16TEB.1/H/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 23