- 7 - De hear Van der Baan seit dat wêr't ried en kolleezje oan'e iene kant njonken elkoar steane it oan'e oare kant krekt dat is wat ried en kolleezje ütelkoar driuwt. Hy is it der folslein mei iens dat it hi ir barre moat. Dat bets jut dat der dus gjin PKB komme moat. En as der al in PKB komme moat dan moat dy hjir weikomme en net ut Den Haach. De hear Breeuwsma twifelt net oan'e oprjochtheid fan it kollee zje. It Struktuerskema is sa'n wichtige saak dat der op punten en komma's net safolle berikt wurde kin. Ek de provinsje is hjir hiel düdlik oer en wiist it Struktuerskema óf. Hy liuwt net dat de Blauwe Söne dan yn gefaar komt. Dizze PKB komt samar oer de Blauwe Söne hinne en in PKB is om'e nocht net neat. Der is mar ien mooglikheid te reagearjen op sa'n PKB en dat is dat jo it der al as net mei iens binne. Hy tinkt dat it öfwizen fan it Struktuerskema de iennichste wize is om fan de PKB öf te kommen. Wethouder Aukes hoopt dat in een samenvattende zin het college en de raad elkaar zullen kunnen vinden. De foarsitter haldt de ried foar dat de réaksjes sa as yn Fryslan der yn de rest fan it lan net binne. Yndied is in PKB in freeslik ynstrumint as der yn komt te stean wat no noch de bedoe ling is. Mar in PKB kin ek in ynstrumint wêze wêr't op lokaal nivo goede dingen mei dien wurde kinne. De ynhald sa as dy no is dooch net. Dat moat bets jutte dat der no op in knappe manier reageard wurde moat. Hy is derfan oertsjüge dat as it Struktuerskema hielendal öfwezen wurdt troch dizze ried in soad goede dingen yn Fryslan net ta stan komme. It giet der dus om dat de tekst fan de PKB oanpast wurde moat op sadanige wize dat der aanst ynstiet dat de maatregelen wêrta op regionaal nivo besletten wurdt ütfierd wurde sille. Dat moat dan plakfine binnen de kaders sa't dy der feitlik al wiene doe't der yn dizze regio üteinsetten waard mei de Blauwe Söne. Dit besjoen, wêr leit dan it ferskil fan ynsjoch tusken ried en kolleezje. Hy is fan betinken dat der op haad- linen mar ek op details gjin ferskil fan miening is. De foarsitter sldt de gearkomste tydlik om 20.55 oere. Hy weriepent de gearkomste om 21.05 oere. Wethouder Aukes zegt dat het college voorstelt in de reactie een samenvattende zin op te nemen. De tekst daarvan luidt: Samenge vat delen wij u mede dat op basis van bovenvermelde kritische kanttekeningen de concept-tekst van de PKB in de huidige vorm niet aanvaardbaar is. De hear Breeuwsma wol dêr oan taheakke hawwe de wurden en dus door ons wordt afgewezen". De foarsitter seit dat it kolleezje dêr wol akkoart mei gean kin. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel van het college besloten. N0T16FEB.l/H/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 24