- 11 - De vraag is of de raad extra bijeen wil komen of dat toch van avond een besluit wordt genomen waardoor de schade voor de indus trieterreinen beperkt kan blijven. De hear Breeuwsma seit dat it him te fier giet dat hjirfoar in ekstra riedsgearkomste halden wurde moatte soe. Hy wol dat op 1 maart yn de öfdieling de saak goed bepraten wurdt. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 10. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet ten laste van het woonrijpmaken van een gedeelte van het bestemmingsplan Raerd-West. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 11. Voorstel tot beëindiging van het bedrijf gevestigd op het per ceel Van Sminiawei 5 te Aldeboarn. De hear Bouma seit dat syn fraksje it mei it kolleezje iens is dat dit bedriuw opromme wurde moat. Allinne de wize wêrop ferskilt syn fraksje fan miening mei it kolleezje. Hy tinkt dat it net op'e wei fan'e gemeente leit hjir f 10.000,00 foar üt te lüken. It is yn earste ynstansje in taak fan'e provinsje. Ut it besprekkingsferslach fan 16 juny 1992 fait op te meitsjen dat de fertsjintwurdiger fan'e provinsje yn earste ynstansje de gemeente net op'e hichte brocht hat fan itjinge hy fün hie. De eigener wol net meiwurkje oan in oplos sing en no draait de gemeente foar de kosten op. Dat is net de krekte gong fan saken: de fersmoarger soe betelje moatte. Hy fynt dat der noch mar ris by de provinsje besocht wurde moat dêr de f 10.000,00 wei te heljen. Mefrou Veldstra seit dat sawol gemeente as provinsje benefter- bleaun binne. De saak is fierstente lang sloeren bleaun. De fersmoarger betellet, sa heart it te wêzen. Mar hjir wurdt de fersmoarger betelle. De eigener hat de regels oertrêden en wurdt dan ek noch beleanne. Har fraksje freget him öf hoe't it kollee zje in oar soartgelyk gefal oplosse wol. Sy is it der mei iens dat der earst noch mar ris kontakt mei de provinsje socht wurde moat. Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie in kan stemmen met het voorstel van het college. Dit moet gebeuren. Het is ook niet zo dat de gemeente nooit iets betaalt aan bedrijven. Zij denkt dan aan verplaatsing van bedrijven die ook zelf de troep hebben gemaakt. Zij wil wel dat als de rommel is opgeruimd er regelma tig gecontroleerd gaat worden. De hear Ren ia seit dat yn syn fraksje twa ynfalshoeken keazen wurde. De iene is de prinsipjele fan de fersmoarger betellet. Mar dan hawwe jo te krijen mei allegear prosedueres en fergun- ningen. De oare ynfalshoeke is om mar pragmatysk te tinken en betelje ien kear f 10.000,00. Mei de suggestje om dochs noch ris te besykjen it jild by de provinsje wei te heljen kin hy it wol iens wêze. N0T16FEB.l/H/ll

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 28