- 12 - Wethalder Nieuwdam kin him de réaksjes fan'e ried wol yntinke. Net allinne de provinsje mar ek üs gemeente is benefterbleaun It belied oangeande hanthavening is de léste jierren net sa geweldich west. Hy kin meidiele dat de provinsje perfoarst net mear betelje sil as f 18.000,00. Op nij oerlis mei de provinsje hat dus gj in sin. De fraksje fan it C.D.A. kiest krekt as it kolleezje foar in pragmatyske oanpak en freget foaral letter goed te kontrolearjen. Hy seit ta dat de gemeente tenei hiel alert wêze sil. Mefrou Santerna freget wêr't no dan de ferantwurdlikheid fan'e eigener leit en wat betellet hy. De hear Bouma bliuwt derby dat der dochs besocht wurde moat it jild by de provinsje wei te heljen. De hear Renia fynt it spitich dat de provinsje net mear betelje wol. Syn fraksje kiest dan foar de meast praktyske oplossing omdat dy op termyn de goedkeapste wêze sil. It moat de gemeente dan gjin sint mear as f 10.000,00 kostje. Wethalder Nieuwdam seit dat as de provinsje no al as net ek oan'e gemeente meidield hie dat hjir sprake is fan in autowrakke- terrein, de saak hie der krekt sa hinne lein. De eigener is muoisum akkoart gien mei bedriuwsbeëiniging. Al it oare is hy net foar te finen. Spitigemöch wol de eigener net fierder meiwurkj e. De hear Bouma seit dat syn fraksje dan by hege ütsündering fanwegen de pragmatyske grünen akkoart gean sil mei it dtstel. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 12. Voorstel tot het opheffen van de voorrangsregeling op de krui sing van de wegen Parkstraat en Mr. P.J. Troelstrawei te Grou. De hear Bouma freget oft it zebrapaad der no wer komt. De hear Van der Baan seit dat de krusing in gefaarlik punt bliuwt, benammen omt it it tsjusterste punt is yn Grou. Dér hinget ien pit fan 100 Watt. Hy stiet der op oan dat yn elts gefal de ferljochting ferbettere wurdt en ek it zebrapaad sjocht hy graach werom. Mevrouw Van den Berg vraagt of dit zebrapad een officiële ver keersmaatregel is en of dat nu zo weggelaten kan worden. Juist voor de ouderen lijkt het haar heel belangrijk dat het zebrapad er weer komt. De hear Roorda seit dat syn fraksje him wol fine kin yn it ut- stel. Hy hopet dat de auto's no aanst minder hurd riden gean sille. Hy hat begryp foar de üngerestens fan benammen aldere minsken oer it weibliuwen fan it zebrapaad. De sitewaasje moat fan no öf oan goed folge wurde en sanedich moatte der oanfol- jende maatregelen troffen wurde. In oar punt fan soarch bliuwe de hiel ferskillende foarrangssitewaasjes op'e Stasjonswei Parkstrjitte en dat komt de ferkearsfeiligens net ten goede. NOT16TEB.1/H/12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 29