- 16 - De hear Van der Baan tinkt ek dat it hiel ünferstannich is om ditsoarte kommisjes oan'e kant te skowen. Hy freget him ek öf oft de ried dat samar dwaan kin en hy warsköget foar dizze üntwikkeling. Dizze kommisjes hawwe yn'e gemeente in tige wichtige funksje, se hawwe in hiel goede feeling mei it wurkfjild, folie better dan hokker amtner ek mar hawwe kin. De hear Renia seit dat de yndruk wekt wurdt as soe hy sein hawwe dat de Wolwêzenskommisje mar hurd opdükt wurde moat. Dat is abso luut net wat hy sein hat. Wethalder Nieuwdam fynt dat dizze diskusje thusheard yn it petear dat der nochris komme moat oer funks je en taak fan'e WolwêzenskommisjeAllinne de ried kin de Wolwêzenskommisje in oare funks je jaan, oars net ien. Hy wol mei klam sizze dat de Wolwêzenskommisje in hiele goede funksje hat. Mar der kin dêrom best meielkoar ris sjoen wurde oft we sa fierder gean moatte oft dat der mooglik in bettere wei is. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 17Voorstel inzake grondtransacties met betrekking tot de toeristi sche recreatieve ontwikkelingen in Terheme. De hear Van der Baan seit dat it ütstel foar safier it Terheme oanbelanget foar syn fraksje düdlik is. Terheme dat in berntsje mei in wetterholle driget te wurden. Ek al is syn fraksje tsjin it plan op himsels en hat it ek net it needsaaklike draachflak by de befolking, hy hat besocht de arguminten te finen om mei te gean yn it ütstel. Syn fraksje kin lykwols gjin stipe jaan oan it ütstel al hat hy goed besocht it kolleezje yn syn opstelling te begripen. Dy opstelling is miskien it béste te begripen as in begearte om te scoaren, sawol by de provinsje as by de gemeente. Sa'n opstel ling makket de minsken blyn foar de risiko's. Salang it üntwik- kelingskontrakt net run is kin hy ünmooglik meigean. Hy wol mei klam de riedsleden dy't aanst wol foarstimme sille warskögje. Litte we net deselde kant ütgean as earder bard is. Hy tinkt dat de beswieren dy't tsjin it plan ynbrocht binne oant de Ried fan Steate ta trochrinne sille. Hy tinkt dat der dan ek net in lyts bytsje fertraging üntstean sil by de üntgruningsoanfraach mar it kin wol twa jier wurde. By de nije iisbaan is dan wol in ynspanningsferplichting mar foar itselde jild giet soks oer. It kolleezje stelt dat we takinne mei in nettobydrage fan 1 mil joen. Mar der komt noch wol 3 ton foar it baggerjen oerhinne. Earder is der foar de öfkeap fan Akkerman 2 ton betelle, de nije berekkening jout der nochris f 93.000,00 oerhinne. Hy komt dan yn syn totaal op in bedrach fan 1,6 miljoen. Hy wol ek noch wize op it feit dat Louwer om'e Tün beswieren makket omt aanst it boezemwetter dêr yn'e tün komt te stean. Ek dêr komme dus ekstra kosten achter wei. Wa sil dat betelje? It reservebedrach dan noch fan Yn'e Lijte oer is, 1,9 miljoen is hjirmei hast op. Ek moat de ried noch in tariedingsbes lüt nimme om de hear Akkerman yn Akkrum wat nijs bouwe te litten op in lokaasje dêr't dat net mooglik is. Wat hat dat no te krijen mei it plan fan Terheme? N0T167EB.l/H/16

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 33