- 17 - Hy tinkt fan neat en hy fynt dat it kolleezje opnij ütglidet krekt as by de saak De Schiffart. Syn fraksje is dêr poer op tsjin. Likense rjochten foar alle minsken en gjin ütsünderings- posysjes foar inkelden. Hy wol graach witte wêrom de projektuntwikkelder pas letter de grün oemimme sil. Hy is fan betinken dat de gemeente Boarnsterhim dit risiko perfoarst net drage kin. As dizze oer- ienkomst sletten wurdt betsjut dat opnij in sprong yn it djippe. De hear Breeuwsma seit dat it beslüt dat Terheme hielendal fuortboud wurde sil al nommen is yn'e ried. It is bekind hoe't syn fraksje dêr oer tinkt. It giet no om de gruntransaksjesHy hat de yndruk dat sa as de bestimming üt'e han run is no it kontraktuele barren üt'e han rint. Yn'e öfdielingsgearkomste hat hy in stik as tolve fragen steld en op al dy fragen is in ünbef- redigjend antwurd kommen. As alles meisit dat hat de gemeente him al ferbün foar f 1.750.000,00. Hy fynt dat de pot Yn'e Lijte dêr net foar brükt wurde mei. De haadsaak fan'e pot Yn'e Lijte soe brukt wurde foar rekreative foarsjennings om Grou hinne. Oer de öfkeap fan it ünderhald fan wetter en wegen is dan noch net iens praten. Dêr sil wol oer praten wurde moatte. Der binne ek üntgruningsbeswieren dy't it kontrakt swier yn'e wei sitte kin- ne. De subsydzje is noch net run. Hy hat ek frege hoe't it komt mei al dy B.V.'s en wat se allegearre dien hawwe en dwaan sille. Der is in hiel bloeiende hannel yn B.V.'s en it wurdt heech tiid dat der in wet komme sil tsjin de hannel yn B.V.'s. Syn fraksje freget him sjoen boppesteande fragen óf oft it kolleezje net yn in hiel djip gat springt mei dit ütstel. Oer de utstellen fan VB-accountants foar wiziging fan'e kontrak ten is feitlik noch neat bekind. Syn fraksje fynt dan ek dat der no noch gjin besluten nommen wurde moatte. It is better yntiids werom as kwealik fuort te gean. De hear Bouma seit dat syn fraksje ynstimme kin mei de plannen foar Terheme. De kontakten mei de nije proj ektuntwikkelder rinne gelokkich troch, der hat in protte oerlis oer en wer west oer de goede kontrakten. De wize wêrop it kolleezje hjir mei omgiet fertsjinnet wol in komplimint. De kontrakten binne troch meardere eksteme adviseurs screend en der binne oanbefellings dien dy't it kolleezje opfolge hat. It feit dat der in tredde, fjirde en fyfde ferzy fan'e kontrakten makke is jout foar him wol oan hoe goed it kolleezje besiket alle bekinde risiko's üt te sluten. Der is in breed draachflak foar it plan. Der binne meardere partisipanten sa as de Stichting Waterreceatie en de pleatslike ündemimmers hawwe foarütrinnende op de ütfiering ek al ynvestearrings dien. De öfhanneling fan'e beswierskriften hat hy alle betrouwen yn. Deputearre Steaten hawwe dat ek, sjoen de al takinde subsydzje en de deroan keppele ferfolchsubsydzje üt'e I.S.P.-pot komt ynkoarten ek beskikber. Hy freget yn hoefier der öfweken wurdt fan'e gemeentlike bydrage fan 1 miljoen. Hy fynt wol dat der eins oan dy miljoen fêsthalden wurde moat. As de plannen no öfblaasd wurde soene soe dat foar Terheme hiel sneu wêze mar wy kinne ek wol ferjitte dat der ea noch wer sa'n soarte plan opsetten wurde kin omt we dan net mear betrouber oerkomme by oare oerheden en projektüntwikkeldersDe opmerkin gen fan C.D.A. en F.N.P. nimt hy foar kundskip oan en hy fynt it spitich dat dy allinne mar negative saken nei foaren bringe. NOT16ÏEB.1/H/17

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 34