- 2 - Yn it jierplan 1993 fan'e kommisje Frede en Solidariteit mist hy in opstelling oangeande it op'e nij opkommende faksisme en rasis- me. Hy hopet dat de kommisje dêr nochris nei sjen wol. Hy tinkt dat it brief oer de nachtferlj ochting yn Terherne wol yn in breder ramt besjoen wurde kin. Op guon plakken yn üs ge meente is fierstente folle nachtferljochting wylst it op oare plakken te tsjuster is. Miskien kin der "lykoer stutsen wurde". Is yn de begrutting foar de rünwei Jirnsum rekken halden mei skeaklaims en haldt it kolleezje ek rekken mei mear klaims. Mefrou Santema fynt dat der mar net oant Sint Piter wachte wurde moat foardat de beliedsnota "Oud voor nieuw" yn'e öfdieling behannele wurdt. Sy soe graach wolle dat neigien wurdt oft dat wat yn it brief fan mefrou Dallmeijer stiet ek wier is. De hear Roorda fynt dat it fersyk fan'e iiswegensintrale better om advys yn hannen fan it kolleezje steld wurde kin. Hy soe it in goede saak fine dat dit skriuwen yn'e öfdieling en yn'e ried behannele wurdt. Spitigernöch is it eartiids sa moaie park run Coopersburg yn ferfal rekken. Gelokkich is der in groep minsken opstien dy't dêr wat oan dwaan wol. Hy hopet dat it kolleezje noch dizze moanne mei de freonen fan Coopersburg yn petear giet benammen omt der foar it oanfreegjen fan subsydzje in slutingsdatum jildt. Mevrouw Van den Berg wil graag dat het beleidsplan fan de stich ting Aldereinwurk in de raad wordt vastgesteld. Het lijkt haar een goede zaak dat bij de renovatie van de tuin rond Coopersburg het Sofarapport wordt betrokken. De hear Veldstra seit dat syn fraksje der op oantrunet by de FRAM neiere ynformaasje yn te winnen oer it opheffen fan'e bus line Akkrum Drachten. Hy soe dit graach yn'e earste öfdieling besprekke wolle. De hear Bouma seit dat noch hyltiten net düdlik is oft de gemeen te wol wenforenzenbelesting heffe mei. Hy hat heard dat der no in rjochtssaak geande is wêrfan de ütkomst it antwurd op de fraach wêze sil. Wit it kolleezje dêr al wat mear fan. Hy soe dat graach yn'e twadde öfdieling besprekke wolle. Mefrou De Boer tinkt dat de grutte linen foar it aldereinbelied ütsetten binne yn it bestjoersplan. It beliedsplan sil fansels yn'e twadde öfdieling besprutsen wurde. Sy tinkt lykwols net dat it oan de ried is in beliedsplan fan in stichting fêst te stel len. De foarsitter seit dat de fraach fan de iiswegensintrale earst yn'e öfdieling en letter yn'e ried oer praten wurde sil. Hy wol reagearje op it brief fan mefrou Dallmeijer wêryn op in sympatike wize omtinken frege wurdt foar it probleem fan it ie penbier ferfier. De FRAM moat effisjinter wurkje en sil in tal bus linen derdt helje. Yn dat ljocht besjoen is de opmerking fan mefrou Dallmeijer hiel goed. It kolleezje sil yn'e ferfiersregio yn'e pleit gean foar in adekwaat stelsel fan iepenbier ferfier tusken de doarpen. N0T19JAN.l/H/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 4