- 3 - It kolleezje seit ek ta dat der in petear wêze sil mei de direk- sje fan de FRAM op It Hearrenfean. Yn de earste öfdieling sil hy dêr op weromkomme. De opmerking oer de nachtferljochting sil hy troch him hinne gean litte en yn'e öfdieling sil dan praten wurde oer op hokfoar wize sawol it iene as it oare probleem oplost wurde kin. It kolleezje wol as it heal kin oan it plan foar de tün fan Coopersburg meiwurkje. Yn elts gefal is de subsydzje-oanfraach trochgien. Yn febrewaris sil mei de ynisjatyfnimmers praten wurde oer it programma dat der leit en oft de relaasje mei it Sofarapport ek oanbracht wurde kin. Takom wike sil der mei de kommisje Frede en Solidariteit praten wurde en it punt dêr't de hear Van der Baan oer praten hat sil seker in punt fan oerlis wêze. Wethalder Bloem seit dat it foar har net maklik is om krekt te sizzen wannear't it beliedsplan "Oud voor nieuw" behannele wurde kin. Yn de earstkommende twadde öfdieling kin sy wierskynlik wol mear fertelle. It punt fan'e wenforenzenbelesting sil yn'e folgjende öfdielings- gearkomste oan'e oarder komme. Wethalder Nieuwdam seit dat yn'e kommende gearkomste fan'e tred- de öfdieling oer it Klimaatverbond praten wurde sil. Wethouder Aukes zegt dat zij de vraag van de heer Van der Baan over schadeclaims mee zal nemen. Over de ingekomen stukken, met uitzondering van nummer 5, wordt conform het voorstel besloten. Nummer 5 wordt om advies in han den van het college gesteld. 5. Mededelingen. De hear Breeuwsma seit dat syn fraksje graach wol dat de fer- keapen wer neamd wurde yn it ütstel. Sa as no fynt hy it wat keal. Ek foar de minsken dy't in abonnemint hawwe is dat aardi ger. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje ynstimme moatte sil mei de portefeuilleferdieling. Hy wol dêroer sizze dat hy it spitich fynt dat it Frysk üt'e earste öfdieling helle is. Ek foar syn eigen fraksje hat dizze feroaring konsekwinsjes yn ferban mei de ferdieling fan taken. De foarsitter mient dat it net mear omskriuwen fan'e ferkeapen der kommen is op basis fan' ofspraken dy't der makke binne. As it dochs net foldocht wol hy dêr noch wol mei de fraksjefoarsitters oer prate. It kolleezje hat it foech om de taken te ferdielen. As dizze ferdieling in probleem opsmyt foar de fraksje fan de FNP dan is der mei it kolleezje bést in öfspraak te meitsjen dat de porte- feuillehalder beleste mei kultuer, ynklusyf de Fryske taal ek yn'e earste öfdieling oer dat belied praat. Vervolgens worden de mededelingen voor kennisgeving aangenomen. N0T19JAN.l/H/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 5