GEMEENTE BOARNSTERHIM 18. Utstel om krediten beskik- ber te stellen foar reno- vaasje fan de Dokter Eeltsje Halbertsmaskoalle yn Grou. Oan'e gemeenteried. Grou, 5 maart 1993. By beslüt fan 7 july 1992, nümer 22, hat jimme ried in kredyt beskik- ber steld fan f 70.000,00 om de renovaasje of nijbou fan de Dokter Eeltsje Halbertsmaskoalle te Grou ta te rieden. Yn it oanbelangjend riedsütstel fan 26 juni 1992, nümer 22, hawwe wy in ütiensetting jün oer de mooglikheden fan renovaasje of nijbou fan dy skoalle. Direkte oanlieding dêrta foarmde de beskikking fan it Ministearje fan Underwiis en Wittenskippen fan 25 jannewaris 1991. By dy beskikking hat it ministearje goedkarring jün foar "algehiele oanpassing" en "yngripend ünderhald" fan it haadgebou fan de Dokter Eeltsje Ha lbertsmaskoalle (40 jierrige syklus). Om't yn jannewaris 1991 teffens it ministearje syn skealfergrut- tingsplannen foar it basisünderwiis bekind makke, hawwe wy mei it ministearje de mooglikheden ünder eagen sjoen om yn stee fan de Dok ter Eeltsje Halbertsmaskoalle te renovearjen in nije iepenbiere basisskoalle te Grou (14 groeps) te bouwen, dêr't sawol de Dokter Eeltsje Halbertsmaskoalle as de Master Wielsmaskoalle as ien basis skoalle ünderdak yn fine kinne, benammen omdat beide skoallen feitlik ien fiedingsgebiet hawwe (mooglike füzje). Njonken de mooglikheid om in nije skoalle te bouwen, binne ek mooglikheden om yn fasen ta ien iepenbiere (14 groeps) basisskoalle te Grou te kommen besjoen en be praat. Ut'e kontakten mei it ministearje die lykwols bliken, dat nettsjins- teande de skealfergruttingsplannen binnen it basisünderwiis op gjin inkelde ekstra finansjele stipe fan it ryk rekkene wurde kin (budget- tair-neutraal) It ryk hat der gjin beswier tsjin om óf te wiken fan de beskikking fan 25 jannewaris 1991 troch bygelyks in nije skoalle te bouwen, mar de ryksbydrage sil allinne mar basearre wêze op in renovaasjefer- goeding foar it haadgebou. Om - mei yn achtnimming fan it boppeneamde - in tal altemativen neier üt te wurkjen, hawwe wy, lyk as oanjün yn üs riedsütstel fan 26 juny 1992 in architektenburo ynskeakele, dy't wilens in oantal renovaasje- en nijbouwplannen üntwikkele en berekkene hat. It gie dêrby üteinlik om in 5-tal mooglikheden mei harren öfsünderlike finansjele konsekwinsjesDy plannen hawwe wy beoardield en mei de bouwkommisje fan de Dokter Eeltsje Halbertsmaskoalle bepraat. Us yntinsje dêrby wie in sadanige hüsfestingfoarsjenning te meitsjen, dat de mooglikheid iepen bliuwt om it gebou yn'e takomst ta ien grutte 14 groeps-basisskoalle üt te wreidzjen. DMVEREN0.EHS/0W/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 78