- 2 - De earste opsje wie de nijbou fan in 7-groepsskoalle. It ütfieren fan dy foarkar levere foar de gemeente lykwols in finansjeel "gat" op fan f 1.13 7.677,00. As twadde opsje kaam nei foaren renovaasje fan it haadgebou mei tagelyk in ütwreiding ta 7 groepsskoalleIt die blik- en, dat ek dy mooglikheid finansjeel net helber is. Dat plan leveret nammentlik in tekoart op fan f 944.603,00. Yn beide gefallen soe de dislokaasje oan de Oostergoostrjitte öfstjit- ten wurde kinne. Nei wiidweidich berie binne wy fan betinken, benammen mei it each op de finansjele posysje fan de gemeente en de op termyn dochs wat weromrinnende learlingeprognoase dat op dit stuit allinne renovaasje reëel is. Wy merke hjirby op, dat foar 5 boppebougroepen by renovaas je in gebou behalden bliuwt mei in oerf lakte fan 660 m2wylst by ferfangende nijbou mar rekkene wurde mei op in oerflakte fan 525 m2 en dat is ünderwiiskundich sjoen minder oantreklik. De folsleine kosten fan in renovaasje bedrage likemöch f 1.000.000,00. Wat de dekking fan dat bedrach oanbelanget, diele wy jimme mei, dat by riedsbesluten fan 21 novimber 1989 en 7 july 1992 al bedragen beskikber steld binne fan respektivelik f 98.000,00 en f 70.000,00 of folslein f 168.000,00. It kredyt dat noch beskikber steld wurde moat omfiemet in bedrach fan f 832.000,00. Op grun fan in 40-jierrige liniëre liening by in rinte fan 8% berinne de jierlikse lésten f 87.360,00. Yn de dekking kin op dizze mannear foarsjoen wurde: fergoeding ryk op grun fan in 40-jierrige liniëre öfskriuwing (beskikking fan 15 jannewaris 1991) f 46.339,00 beskikking oer de frijkommende kapitaalslêsten f 39.106,00 foar rekken fan de reservearing iepenbier basisünderwiis (Londo) f 1.915,00 f 87.360,00 It renovearjen fan de Dokter Eeltsje Halbertsmaskoalle betsjut dat de dislokaasje yn elts gefal oant 1999 yn stan bliuwt. Yn dat jier is dat gebou op grun fan de 40 jierrige syklus oan renovaasje ta. Wy binne fan betinken dat der nei stribbe wurde moat dat gebou dan óf te stjitten en it haadgebou fan de Dokter Eeltsje Halbertsmaskoalle üt te wreidzjen ta in 7-groepsskoalle. De mooglikheid om yn in letter stadium de skoalle eventueel ut te wreidzjen ta 14-groepsskoalle bliuwt dan ek noch iepen. Wy binne dwaande mei de foarming fan in wurkgroep, dy't de mooglikheden fan gearwurkjen/füzje fan de beide iepenbiere basisskoalle te Grou neier ündersykje sil. Gearfetsjend stelle wy jinme üt om in kredyt fan f 832.000,00 beskik ber te stellen foar it renovearjen fan it haadgebou fan de Dokter Eeltsje Halbertsmaskoalle te Grou. Op grun fan de ministeriele beskik king moat de bouopdracht uterlik foar 1 july 1993 öfjün wêze. Beha1ven de boukommisje kin ek de meisizzenskipsrie, it personiel en de alderrie fan de skoalle harren mei üs ütstel ferienigje. De twadde ófdieling hat yn syn gearkomste fan 4 maart 1993 yn begjin- sel ynstimd mei dit ütstel. De byhearrende stikken oangeande dit ütstel, lyk as it üntwerp-rieds- beslüt, lizze foar jimme op'e gebrüklike wize op besjen. Boargemaster en wethalders fan'e gemeente Boamsterhim, de siktaris, de boargemaster, mefr. A.M.Evan der Sluijs. Y. Dijkstra. DMVRREN0.EHS/0W/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 79