- 5 - De reden om te kiezen foar dit model kin yn'e kiif steld wurde. Hy ferwiist yn dat ferban nei stikken dy't yn'e HERO-kommisje oan'e oarder kamen en wêryn foars en tsjins stiene. It kolleezje wol mei dizze struktuer fierder omt it apparaat dêr better mei üt'e fuotten kin. It wurdt lytser en düdliker. Syn fraksje kin it kolleezje wol it foardiel fan'e twifel jaan. Hy kin him yntinke dat dizze nije struktuer fragen opropt, ek oer de funks- jes dy't dêr byhearre. It liket him ta dat de öfdieling P. en 0. mei de ferantwurdlike wethalder him dêr mar mei réde moat. Hy hat dêr alle betrouwen yn. It is net mooglik it eltsenien nei't sin te meitsjen. Hy ferwachtet dat alle saken dy't mei dizze nije struktuer te meitsjen hawwe, sa as funksjonearingspetearen, goed oppakt wurde sille. As der dingen mis geane ferwachtet hy ek dat dêr goed mei omgien wurdt. Der moatte gjin ütsünderings- posysjes kreëart wurde. Sprekker tinkt dat mei dit ütstel der in oanset dien wurdt ta in bettere organisaasje. Mefrou De Vries seit dat de reden om te reorganisearjen ek leit yn it feit dat der in struktuer komme moat dy't past by it bestjoersplan. De tsjinstferliening moat ferbettere, in hege kwaliteit fan produkten tsjin in sa leech mooglike priis. Der moat dus in effisjinte organisaasje komme mar dy moat dat ek fleksibel wêze en werkenber foar de boargers. De minsken yn'e organisaasje moatte dêr ek mei nocht wurkje kinne. Sy fynt dat der moed foar nedich is dat it kolleezje mei dit ütstel komt omt elke feroaring in soad wjerstan opropt. Minsken fine it net mak lik om te feroarjen. Har fraksje kin akkoart gean mei in haad- struktuer mei 2 haadöfdielingen. De struktuer is mar in yns- trumint, it binne de minsken dy't it wier meitsje moatte. In reservearre ta matich positive halding is dan wol in minimaal draachflak. Der moat noch hiel bot oan wurke wurde it draachflak te fergrutsjen. De ried moat him beheine ta syn taak, it fêsts- tellen fan'e haadstruktuer. De ried hat neat te krijen mei beneamingen fan direkteuren. De ütwurking fan dizze organisaas- jestruktuer is oan it M.T. en it G.O. Sprekster fynt it net nedich dat eltsenien opnij beneamd wurdt wêrtroch in bulte ünrêst üntstean kinne soe. Sy fynt de nammen haadófdieling I en II net bot oansprekkend, sy soe graach nammen hawwe wolle dy't wat düdliker binne. Se freget hoefier it is mei de üntwikkeling fan de saneamde produktbegrutting. Har fraksje hopet dat dizze nije organisaasje goed funksjonearje sil Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie de raad toch een aan tal zaken in herinnering wil brengen. Punten die van essentieel belang zijn voor de besluitvorming. Ook wil zij een aantal stap pen noemen die volgens haar fractie nodig zijn om problemen te voorkomen in het vervolgtraject en verdere toekomst. Tijdens het Value for Money onderzoek stuitten de heren Vos en Thijssen op grote problemen in de organisatie, die een verlammende invloed hadden. Het college heeft dat onderkend en was de mening toege daan dat die problemen eerst moesten worden opgelost. Het onder zoek liep vertraging op en het beschikbare geld was op. Omdat het college hoge prioriteit stelde aan de oplossing van de pro blemen verzocht hij de raad nogmaals twee ton ter beschikking te stellen. Het bestuursplan zag het licht als ook een nieuwe orga nisatiestructuur met 3 hoofdafdelingen en een aparte poot centra le bestuursondersteuning. N0T19JAN.l/H/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 7