- 8 - De foarsitter antwurdet de hear Breeuwsma dat yn it beslut stiet dat it kringloopproject beëinige wurdt. It liket him goed ta dat yn'e twadde öfdieling nochris praten wurdt oer de wurkgelegen- heidsfünsen. It liket him net sa sinfol om noch wiidweidich by it ferline stil te stean. De hear Breeuwsma fynt dat sa't it ferrin fan dit gehiel west hat it organen as diakonieën net ynspirearret om wer oan gemeent- like ynstellings jild ta te skikken. De foarsitter tinkt dat it net goed is as de gemeente net by steat is maatskiplike organen te ynspirearjen omt der fan'e oerheid krekt ynspiraasje utgean moat. It is spitich dat dizze saak oars rün is as ferwachte. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 18. Utstel om krediten beskikber te stellen foar renovaasje fan de Dokter Eeltsie Halbertsmaskoalle yn Grou. Mefrou Veldstra seit dat har fraksje net lokkich is mei de kar fan it kolleezje om ta renovaasje oer te gean fan de Dokter Eeltsje Halbertsmaskoalle. Neffens har is der gjin uterste ynspanning west om mear jild te krijen fan it ryk foar de bou fan ien grutte basisskoalle. Der is seis noch net iens in wurkgroep. As dy wurkgroep der wol west hie wie it fêst düdliker oerkommen by it ministearje. Yn'e ried fan july 1992 hat har fraksje der op oanstien om earst te besluten ta renovaasje as nijbou en dêmei dat te ündersykjen. It is ek tige wichtich no te besluten dat in eventuele fusy fan'e beide skoallen net ütsluten wurdt. De wurkgroep yn op- rjochting soe yn elts gefal ündersyk dwaan moatte nei de foar- ming fan in 14-groepsskoalle. It ynisjatyf dêrta moat fan'e ge meente ütgean. Mefrou Santerna seit dat har fraksje der yn it earst foar is dat der goed ünderwiis jün wurdt. Yn'e twadde öfdieling hat sy ek sein dat it spitich is dat der net nijbou realisearre wurde kin. Der sil sa gau mooglik in wurkgroep komme moatte dy't gear- wurking en fusy ündersiket. Renovaasje fan'e skoalle is hiel bot nedich. As jo yn'e skoalle komme soene jo jo der foar skamje hoe min it der ütsjocht. Troch dizze renovaasje komt der yn elts gefal mear romte om goed ünderwiis te jaan en dat is winliken it allerwichtichste. Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie het spijtig vindt dat er geen nieuwe school gebouwd kan worden. Goede scholen moeten hoge prioriteit krijgen in onze gemeente. Bij dit voorstel heeft zij zorg over de financiële onderbouwing. De gemeente krijgt van het ministerie f 441.00,00 en gaat er een eigen kapitaal van bijna 4 ton insteken plus f 168.000,00. Dan in de dependance nog ongeveer f 50.000,00 om het dak te repareren waar de f 98.000,00 voor was gereserveerd en dat bedrag wordt nu zondermeer in deze renovatie gestoken. NOT16MRT.l/H/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 10