- 9 -
Zij vraagt zich af of dit allemaal bij het bestuursplan niet
bekend was. Dan had dit best een prioriteit mogen hebben en vol
gens haar was het best bekend. Is dit nu het beleid voor de toe
komst dat we niet meer hoeven vast te houden aan de rijksvergoe
ding. Op deze wijze kunnen ook andere openbare dan wel bijzonde
re scholen zaken claimen. De gemeente gaat een bedrijvenplan
maken om te zien in welke staat onze gebouwen zijn en wanneer ze
gerenoveerd moeten worden. Daar is in het bestuursplan een ton
voor vrijgemaakt.
Eindelijk ligt er dan na 9 jaar LONDOnormen een plan maar er
zijn geen financiën bij. Het tekort wordt nu gefinancierd uit de
reservering vrijgevallen kapitaalslasten. Hoe hard zijn deze
bedragen. Zij stelt dat dit wel een zeer gezochte financiering
is
De hear Veldstra sprekt syn wurdearring ut foar it wurk oan'e
basis. It kostet wol muoite om de foar- en neidielen fan alle
modellen op in rychje te krijen mar hy stelt dizze wize fan
foarljochting tige op priis.
It moaiste soe wêze dat it jild 5 jier fêsthalden wurdt en dat
der dan in nij gebou foar beide skoallen komme kinne soe. Mar it
is düdlik, de Dokter Eeltsje Halbertsmaskoalle kin fanwegen de
minne tastan net langer wachtsje. It spyt him dat it ünderwiis,
dêr't ek de gebouwen by hearre gjin hege prioriteit hat by de
ried, it kolleezje mar ek by it regear. It grutte belang fan it
ünderwiis wurdt ünderskat.
Syn fraksje is fan miening dat dizze kredytoanfraach net los
sjoen wurde kin fan gearwurking as seis fan fusy. Der moat no al
rekken mei halden wurde dat der op termyn nei ien skoalle
tawurke wurdt. Om dy reden fynt hy it spitich dat de ferstanhal-
ding tusken de beide skoalle minder is as oardel jier ferlyn
doe't der in yntinsjeferklearring ta fusy ündertekene waard. It
is dan ek spitich dat de Master Wielsmaskoalle net belutsen is
by de renovaasje fan de Dokter Eeltsje Halbertsmaskoalle.
Hy freget it kolleezje düdlike linen nei de takomst ut te setten
en mei beide skoallen om'e tafel te gean.
Wethalder Bloem seit dat elts dy't de stikken besjoen hat wol
sjen kin dat der in protte wurk dien is. Alle mooglikheden binne
ut en tenei besjoen.
It probleem is eins in hin en aaiferhaal. Oan'e iene kant wolle
wy graach düdlikheid hawwe fan it ministearje en oan'e oare kant
wol it ministearje düdlikens oer wêr't it om giet, ien skoalle
as in kombinearre skoalle. De yngong hat west dat de Dokter
Eeltjse Halbertsmaskoalle hiel nedich renovearre wurde moat. As
der dan in mooglikheid is om mei 2 skoallen ien nij gebou del te
setten dan is dat in opsje. Ferline jier by it tariedingskredyt
is dy opsje ek neamd. De measte modellen dy't der ündersocht
binne moat in hiel grutte bydrage fan'e gemeente by. Foar it
ministearje is it dan net sa wichtich te witten dat der in
wurkgroep is dy't in fusy ündersiket. Hy fynt fusy-yntinsjes,
utwurke stikken en de saken rün "toerusting en bereikbaarheid"
folie mear fan belang. Nijbou as renovaasje moat eventuele
takomstige üntwikkelingen net blokkearje. It giet om goed ünder
wiis yn Grou, as yn ien grutte skoalle as yn 2 wat lytsere
skoallen. Allinne, it is hiel dreech om no al it paad üt te
lizzen.
NOT16MRT.1/H/9