-10-
It kolleezje is fan plan om mei de beide skoalle ferfolch-
petearen te hawwen oer hoe't it mei de gearwurking yn'e takomst
komme moat. Dit dtstel ta renovaasje kin troch it kolleezje
drügen wurde. De definitive ütkomsten fan'e ündersiken binne pas
fan'e léste tiid en wiene dus by it bestj oersplan noch net
bekind. Al hat it hyltiten wol düdlik west dat der in grutte
gemeentlike bydrage by moast.
Doe't de LONDO-noarmen op üs takamen binne der regelmjittich by
begruttingen stoartingen dien foar grut ünderhald fan'e skoal-
gebouwen mar in skoft lang hat ek de algemiene begrutting liend
fan it ünderwiis. No wurdt foar in part dêrop weromkaam.
De kear sil besjoen wurde moatte wat nedich is en sy tinkt net
dat oare skoallen oan dizze renovaasje rjochten üntliene kinne.
Ek omt it ünderwiis foar it kolleezje wol seker prioriteit hat
is stelt hy ut no dizze renovaasje oan te pakken. De dekking üt
frijfallen kapitaalslesten is ferantwurde en deugdlik foar de
takomst.
Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie denkt dat deze finan
ciering zo niet kan. Het schept hoe dan ook precedenten. Zij
verwacht wel dat met het plan onderhoud gebouwen in de begroting
voor 1994 alvast rekening wordt gehouden.
Mefrou Santerna is tefreden mei de antwurden fan'e wethalder. Wat
de finansjele ünderbouwing oanbelanget is it wol hiel begryplik
dat mefrou Van den Berg bang is foar presedintwurking. We hawwe
earder gebrük makke fan'e LONDO-ütkearing foar de algemiene mid
dels, dan kin ek bekind wêze dat der te min reservearre is foar
it ünderhald fan skoallen.
Oan'e Dokter Eeltsje Halbertsmaskoalle moat hiel nedich wat bar
re. Se wit dat learkrêften en alders hiel kontint binne mei wat
op de tekening stiet.
De hear Veldstra betanket de wethalder foar it feit dat sy it
foartou nimt om de fusy en de mearjierrenplanning op te pakken.
Wethalder Bloem tinkt dat yn elts gefal mar besocht wurde moat
seis gjin presedinten op te roppen. Se wol mei klam stelle dat
dit foar it earst is dat de finansiering yn it ramt fan it 40-
jierrich ünderhald problematysk is. Se hoopt dat mei it yn bild
bringen fan in planmjittich ünderhald op in goede wize wurke
wurde kin yn'e mearjierrenbegrutting. Se sjocht üt nei it momint
dat der aanst in moai, hast nij gebou is foar de Dokter Eeltsje
Halbertsmaskoalle.
Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor
stel besloten.
19. Voorstel om medewerking te verlenen aan een verzoek van It
Ljochtbeaken te Warten met betrekking tot herstel van de afschei
ding van het schoolterrein.
Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform
het voorstel besloten.
N0T16MRT.l/H/10