GEMEENTE BOARNSTERHIM
Notulen van de vergadering van de raad van de gemeente Boarnsterhim
gehouden op 30 maart 1993 om 16.30 uur in het gemeentehuis te Grou.
o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o
Aanwezig:
de dames D.J. Aukes-Huizinga (wethouder), A.I. Bloem
(wethouder), K. van den Berg-Wiersma, T. de Boer,
R. Santema-Jansma, L. Veldstra-Lantinga en J.A. de Vries
en de heren J.A. van der Baan, J. Bethlehem,
A. Breeuwsma, S. Bouma, Y. Dotinga, A. Nieuwdam (wethou
der), A.P. Oosterhof, P.M. Renia, J. Roorda en
H. Veldstra.
Voorzitter: de heer Y. Dijkstra.
Secretarismevrouw A.M.E. van der Sluijs.
o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o
De foarsitter iepent de gearkomste en hjit eltsenien hertlik wolkom.
Hy stelt oan'e oarder fan'e wurklist nümer
1. Mededelingen.
De foarsitter dielt mei dat wethalder Bloem ut namme fan it
kolleezje in yntinsjeferklearring tekene hat om mei de gemeente
Ljouwert en oare partijen mienskiplik op te arbeidzjen as it om
de wurkgelegenheidsproblematyk giet. It kolleezje komt dêr takom
moandei op werom yn'e kombinearre gearkomste fan'e earste en
twadde öfdieling. Dêr komt ek oan'e oarder in notysje fan it
kolleezje oer it ekonomyske belied fan de gemeente Boarnsterhim.
De mededelingen worden voor kennisgeving aangenomen.
2Voorstel tot vaststelling van het ontwikkelingscontract inzake
het project Terheme.
De foarsitter dielt mei dat it ütstel wizige is yn dy sin dat it
kolleezje fan it mandaat yn ferban mei it ferkeapkontrakt net
earder gebrük meitsje sil dan neidat it ferkeapkontrakt yn'e
öfdieling bepraat is.
De hear Bouma seit dat op advys fan VB Advies it üntwikkelings-
kontrakt en it ferkeapkontrakt splitst binne. It definitive
üntwikkelingskontrakt sjocht der neffens syn fraksje goed üt.
Fan it ferkeapkontrakt yn yntusken de twadde fersy ferskynd. Dêr
binne opmerkingen oer makke wêrfan hy fynt dat dy yn it kontrakt
opnommen wurde moatte. Hy giet derfan üt dat dy saken, sa as it
ünderhald fan'e ynfrastruktuer, meinommen wurde sille. Syn
fraksje kin akkoart gean mei de mandatearing oan it kolleezje om
it ferkeapkontrakt fierder üt te wurkjen.
NQT3QMRT1/H/l