As dit plan beoardield wurdt oan'e han fan it doarpsfemij ings-
plan dan fynt hy it hiel maklik om te sizzen dat der ferskate
saken net komme en hiel ferfelend dat dêr sa'n negative halding
fan guon riedsleden tsjinoer stiet. Dy halding stimt nammentlik
net oerien mei de feiten. Feit is dat de ried yn it bestim-
mingsplan sein hat dat dy en dy üntjouwing yn Terheme plakfine
moat. Dêr past de jachthaven yn en dêr passé oanlisplakken oan'e
Gravinnewei yn. Wêr't it no om giet is de fraach oft it kollee-
zje mei de proj ektüntwikkelder goede dingen dien hat en oft der
dingen absoluut yn striid dien mei wat de ried wol.
De opmerking oer it feit dat de foarljochting ünder nivo wêze
soe nimt hy hiel serieus en hy wol dêr ek hiel goed oer prate.
Hy is it der trouwens net mei iens. Mei foarljochting ünder it
nivo wurdt eins sein dat it kolleezje bewust dingen achterhaldt.
De hear Van der Baan illustrearret dat mei it accountantsrapport
wat net by de stikken leit. Yn'e öfdieling is düdlik ütlein
wêrom dat sa is en der is ek net tasein dat it accountantsrap
port wol by de stikken lizze soe.
Hy stelt fêst dat in tal fraksjes it kennelik net iens is mei
wat it kolleezje en de mearderheid fan'e ried fynt dat der barre
moat yn Terheme. Der bestiet ek ferskil fan miening oer de
oanpak yn Terheme.
Mar yn it bestimmingsplan foar Terheme stiet krekt wat der bar
re kin en de ried hat allinne mar te toetsen oft de plannen
fan'e projektüntwikkelder passé yn dat bestimmingsplan. Hy fynt
it net in gelokkige sitewaasje dat in gemeentebestjoer achter in
proj ektüntwikkelder oan moat dy't de ütgongspunten dy't de ried
fêststeld hat ütfiere wol. Dat is yn prinsipe al de ferkearde
kant om. Yn'e takomst sil der noch faker yn'e p.p.s.sfear mei
elkoar praten wurde en dan sil de ried it yn prosedureel opsicht
absoluut iens wêze moatte. Hy fynt it tige spitich dat der no
sa'n grut ferskil fan miening is, ek yn polityk opsicht oer de
kwestje dy't no oan'e oarder is.
As de ried fynt dat der gjin mandaat oan it kolleezje jün wurde
moat dan komt dat der net. It kolleezje mient dat der sa fluch
as mooglik is hannele wurde moat. It ferkeapkontrakt wurdt net
ut de ried halden omt it kolleezje gjin politike diskusje hawwe
wol. Yn'e öfdieling dêr't it kontrakt wol oan'e oarder komt
wurdt der ek al yn it iepenbier oer praten. Sa as al yn'e öf
dieling sein is is it ünderhald fan wegen ensafuorthinne noch
net goed regele. De ried draacht it kolleezje op dat de gemeente
Boarnsterhim gjin finansjele lést hawwe sil fan it ünderhald
fan'e wegen. Dat is op himsels al in hiel ütsünderlike regel. It
kolleezje hat tasein dat te dwaan, it giet derom oft de ried dêr
fertrouwen yn hat. Yn elts gefal wurdt der yn'e öfdieling goed
oer it keapkontrakt praten.
De hear Van der Baan seit dat hy yn'e öfdieling sein hat dat hy
graach woe dat hy ynstimme koe mei dit kontrakt. Dat wie syn
ütgongspunt. Mar, de diskusje hat him net oertsjüge. Hy hat it
eardere beslüt ta oankeap fan'e grün wol loskeppele fan dit ut-
stel. Syn fraksje hat it ek net iens west mei it bestimmingsplan
fan Terheme, benammen omt it middengebiet net ynfolle waard. Yn
earste ynstansje hat hy besocht oan te jaan hoe't it hiele
ferrin west hat, hoe't sa stadichoan hyltiten mear stikjes by de
plannen weifoelen.
NOT30MRT.l/H/6