As der oant op it allerlêste regele wurde moat wat der barre kin yn in doarp dan moat der krekte, detaillearre bestimmingsplannen fêststeld wurde. Hy tinkt lykwols dat dat in ünwerkbere site waas je opsmyt. Hy stelt it op priis dat de hear Van der Baan dddliker sein hat wat hy bedoelt mei it tekoart oan ynformaasjefoarsjenning. As de ynformaasjefoarsjenning echt ünder nivo west hat en it is yndied sa dat der noch wol wat ferbetterje kin dan moat it kolleezje ek de skuld by himsels sykje. It kolleezje hat wol de bedoeling sa folslein mooglik te wezen. Hy hopet dat de ried dat oannimme wol. It moat net sa wêze dat de hear Van der Baan it gefoel hat dat it kolleezje de ried it gefoel jout dat hy neat mei de saak fan dwaan hat. Sa is it fansels net, de ried is de baas en hat alles te krijen mei dizze saak mar dan graach wol op haadlinen. Al in tal kearen is der dien wat de ried fan it kolleezje frege hat. Der kin dan ek net sein wurde dat it kolleezje neat docht mei wat de ried oandraacht oan opmerkingen en suggestjes. Wat de wurkgelegenheid oanbelanget hat it kolleezje net de line fan'e grutte getallen folge mar altiten hiel relativearjend pra ten oer it tal wurkplakken dat dizze üntjowing foar Terheme opsmite sil. Seis al soe it 10 a 15 plakken opsmite dan is dat al moai. Hy fynt dat net sein wurde kin dat it kolleezje de hite adem fan'e projektüntwikkelder yn'e nekke fielt. Al is it wol sa dat de projektüntwikkelder graach troch wol. De hear Breeuwsma seit eins dat de gemeente nei febrewaris noch fan alles tajaan moatten hat oan'e projektüntwikkelder. De hear Breeuwsma ljochtet dat ta. Syn fraksje hie wollen dat earst alles yn tichte fetten sitte soe foardat de grün oankocht waard. Want no is de grün oankocht en der is fierder noch neat mei dien. Ferkeap oars as oan'e projektüntwikkelder soe in ferlies fan 2,5 miljoen opsmite. Dus de projektüntwikkelder is wol deeglik yn halders han en kin in protte easkje. De foarsitter seit dat de fraach is oft it echt sa bard is. Yn dit üntwikkelingskontrakt steane ridlike betingsten op grün wêrfan de öfspraken makke binne. De ried hat de grün oankocht sünder dat der wettertichte ófspraken makke binne. Oft it yn'e takomst wer sa moatte soe is hiel bot de fraach en hy tinkt dat de ried it mei dat léste wol iens is. Der is lykwols gjin site waas je west wêryn't de projektüntwikkelder de gemeente de tom- meskroeven oanlein hat. Yn dy sin is der düdlik sprake fan be trouwen oer en wer. As de gemeente Boamsterhim net ree is mei partikulieren op te arbeidzjen dan bart hjir, swart-wyt sein nea wer wat. It kontrakt wat no foarleit befettet in protte aardige eleminten. Hy kin hiel wat üntwikkelingskontrakten dy't der min der ütsjogge. Wat it punt ferhier oant 2003 oanbelanget kin hy de hear Breeuw sma wol temjitte komme. De projektüntwikkelder fün de winsk fan de gemeente in te grutte yngreep yn syn finansjele rendemint. Yn de ünderhanneling is de gemeente de projektüntwikkelder temjitte kommen omt hy net fierder gean woe as oant 2003. De hear Van der Baan leit üt hoe't syn fraksje stiet tsjin de ynfolling fan bestimmingsplannen oer. Der is in prinsipjeel ferskil tusken de oare partijen en syn partij. NOT30MRT.l/H/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 24