- 3 - Pleatslik Belang hat oardel jier lyn frege de Terhemster Puollen üt te baggerjen. Wol it kolleezje ris besjen oft dit ek noch barre kin. As léste freget hy hoe heech de post eigen kapi taal no is en wêrom as it kolleezje dit net ten leste bringt fan it rekreatyf üntwikkelingsplan foar Terherne. Mevrouw Van den Berg vindt dat het college een goede koop ge daan heeft. Over de afspraken met de aannemer zal de afdeling nog worden ingelicht. Dit uitbaggeren is nodig voor de recreatie ve opwaardering van Terherne en met name voor de boulevard. Dan is het niet meer dan logisch dat het gedekt wordt uit het fonds recreatieve voorzieningen, onderdeel Terherne. Zij vindt dat niet aan het eigen kapitaal moet worden gekomen ook omdat de rente van het eigen kapitaal in de lopende begroting van 1993 is opgenomen. De foarsitter betanket de ried foar de aardige réaksjes. Op de kadastrale kaart komt as namme It Hop foar. Dy namme is brukt yn'e stikken. Hy tinkt lykwols dat it foar eltsenien wol düdlik is hokfoar wetter bedoeld wurdt. It is 15 a 20 jier lyn dat der baggere is. Op guon plakken is it wetter noch mar 60 sentimeter djip. It is dus hiel nedich dat der baggere wurdt, mar it hat blykber nochal wat jierren koste foardat is sa ündjip wurden is. Nettemin is it sa dat der fanüt it Prinses Margrietkanaal in stik beweging üntstiet en dér moat wol goed om tocht wurde. Hy seit ta dat dat seker barre sil. Hoe djip it utbaggere wurdt kin hy net sizze mar dat sil yn'e öfdieling noch bepraten wurde. De ünderhaldslest is foar rekken fan'e gemeente. Der sil noch besjoen wurde moatte hoe heech dy wurdt. Oft der in kans is it hjir as dér te ferheljen is in oare saak, mar it is de muoite wurdich dit yn it ramt fan de üntwikkeling fan it boulevardge- biet yn byld te krijen. De Marrekrite sil ek allegear baggerwurk- sumheden utfiere. Hy seit ta dat besjoen wurde sil oft it mooglik is op noch mear plakken yn üs gemeente, sa as it plak dêr't de hear Roorda op tsjutte, baggere wurde kin. Yn'e earste öfdieling sil noch praten wurde oer de sanwinning. Wethalder Bloem seit dat de foarkar fan it kolleezje ütgiet nei in dekking fanüt it eigen kapitaal. Troch dizze oankeap krijt de gemeente in objekt yn eigendom dat syn wearde hat. Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie er de voorkeur aan geeft zaken daar te boeken waar ze zichtbaar blijven. Alles wat te maken heeft met de opwaardering van Terherne moet zichtbaar blijven en daarom gaat haar fractie niet akkoord met de voorge stelde financiering. De hear Roorda seit dat syn fraksje nei de motivearring fan de wethalder akkoart giet mei de dekking. Hy hat gjin antwurd krigen op syn fraach oer it gefaar fan ynsakjen fan'e walkanten. De foarsitter tinkt dat it goed is in kear yn'e öfdieling te praten oer in beliedsline yn dit stik fan saken. It kolleezje nimt de opmerking fan'e hear Roorda oangeande it ynsakjen fan'e walkanten mei. Hy liuwt lykwols net dat der reden ta üngerêstens is N0T16MRT.l/H/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 5