- 4 - Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. De fractie van het C.D.A. wordt geacht te hebben tegengestemd. 6. Voorstel tot het verkopen van een perceel grond aan de heer A. Hoekstra te Sibrandabuorren en het verbreden van de Tinkeien- bergstraat Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 7. Voorstel tot het verlenen van medewerking aan de verspreiding van stickers tegen ongewenst reclame-drukwerk. Mefrou Veldstra seit dat om betizing foar te kommen in universe le plakker tsjin net winske reklame-drukwerk in utkomst is. Sa'n plakker is der no. Dit ynisjatyf is fansels prachtich, mar wurket it ek yn'e praktyk. Se doelt dan op'e besoargers dy't neist it besoargjen fan kran ten noch in ekstra büssintsje fertsjinje mei reklame run te bringen. It sil harren mear tiid kostje en it wurk wurdt dreger. Se sille op harren iepenst wêze moatte wêr't se al as net rekla me-drukwerk kwyt kinne. Ek skoallen, ferienings, tsjerken krije minder ynkomsten trochdat der minder papier ynsammele wurde kin. Is der eins al mei harren praat. Kin der ek frijstellingsfer- siken dien wurden foar bygelyks de struibriefkes fan'e politike partijen tsjin de tiid fan'e ferkiezings. As gemeente moat der ek kritysk sjoen wurden nei hoe't we it gebrük fan papier yn eigen hüs werombringe kinne. Se tinkt dan oan twasidich kop- ieëarjen en it bruken fan werbrukpapier. Miskien aardich om dêr yn'e ófdieling oer te diskussiearjen. Ek sil it net lang duorje foardat der ek aks je ündemommen wurde moat tsjin it adressearre printwurk. Yn it utstel is neat te finen oer de kosten, se soe dêr wat mear fan witte wolle. De hear Bouma seit dat syn fraksje wol achter dit utstel stean kin. Mar de praktyk kin aanst wol ris oars ütwize. Krante- en reklamebesoargers moatte in soad regelje. Hy kin him yntinke dat der seis swierrichheden om'e hoeke komme. Hy soe dêr dan graach yn'e ófdieling oer prate wolle. Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie blij is dat de bur gers deze mogelijkheid gegeven kan worden. Zij hoopt dat in het vervolgtraject zorgvuldig met de bezorgers wordt omgegaan. Zij geeft de voorkeur aan preventie boven hergebruik en kan daarom instemmen met het voorstel. Mefrou De Vries kin har foar in grut part oanslute by de foarige sprekkers. Ek har fraksje fynt previnsje wichtich en dan is dit in hiele moaie manier foar minsken dy't dat wolle om reklame- drukwurk te kearen. Se makket har lykwols wol wat soargen as it giet om de gemeentlike foarljochting. We kinne üssels net yn in ütsünderingsposysje sette. Se freget omtinken foar dit aspekt. It sit der fansels wol yn dat it adressearre drukwurk aanst tanimme sil. It soe goed wêze boargers der op te wizen dat der mooglikheden binne om ek dat wol adressearre printwurk te kearen. Se is benijd nei de ütkomst fan it goede oerlis dat mei de pleatslike fersprieders plakfine sil. Dêr soe sy graach yn'e ófdieling oer prate wolle sadat goed yn'e gaten halden wurdt hoe't it yn'e praktyk rinne sil. N0T16MRT.1/H/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 6