Mefrou Santerna is wiis mei de wurden fan de foarsitter. It giet
derom wach te wezen om in sa'n grut mooglike tagonklikheid fêst
te halden.
Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor
stel besloten.
10Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet voor de
aanleg van ee dam/inrit en het omleggen van een kabel op het
industrieterrein "It String" te Jirnsum.
De hear Oosterhof seit dat it spitich is dat it kredyt noch
fêststeld wurde moat no't it wurk al hielendal klear is. Hy
sjocht it yn'e takomst graach oars.
De hear Van der Baan seit dat dit dtstel by syn fraksje yn it
ferkearde kielsgat sketten is. Doe't Van Slooten de saak oernaam
fan de Z.H.M. hat de gemeente Van Slooten tewille west. De ge
meente hat in stik terrein weromnommen wêr't de gemeente eins
neat mei te krijen hie omt it om de ferkeap fan de Z.H.M. oan
Van Slooten gie. No wol Van Slooten dy grun weromhawwe. De ge
meente sit dus njonken boekweardeferlies ek mei rinteferlies ta
in bedrach fan likernöch f 29.000,00. De gemeente mei oer dat
ferlies hinne ek noch in kabel oanlizze, kosten f 13.000,00. Hy
tinkt dat it better is earst mar ris of te wachtsjen oft dy ka
bel echt wol nedich is en lis him dan mar oan. De gemeente soe
yn ditsoarte ünderhannelings mear rêchbonke sjen litte moatte,
der wurdt te maklik tajün. De ried hat besletten op it yndustry-
terrein in lokaasje oan Ophof oan te bieden. Foar de gemeente in
ferliespost fan f 31.862,00. De ried is doe net ynformearre oer
it feit dat der ek noch in daam oanlein wurde moast. No komme
dêr ek noch bykommende kosten foar wenrypmeitsjen, grienfoarsjen-
nings en de kosten fan'e nutsbedriuwen. Kosten f 30.000,00. By
Ophof leit de gemeente der dus f 60.000,00 op ta. Hy fynt dit
mar in frjemde hannel. Boppedat wurdt de ried foar't blok setten
omt doe't it dtstel kaam de daam al klear wie. Yn it utstel
stean de wurksumheden foar de kabel eksklusyf b.t.w. berekkene
en by it freegjen fan it kredyt stiet dat it it ynklusyf b.t.w.
is. It is wol hiel maklik de kosten dy't foar Ophof makke wurde
troch te skowen nei it grunbedriuw. It liket krekt as hat de
gemeente gjin tekoarten. Hy fynt dat dy kosten mar üt de doarps-
fernijing betelle wurde moatte. Hy hat grut beswier tsjin it
feit dat de ynformaasje net folslein wie en dat der net earst
mei de ried praten is. Allinne mei dit dtstel is de gemeente al
in ton kwyt.
Mevrouw Van den Berg vraagt zich af wat ze eigenlijk met dit
voorstel aan moet. De raad wordt geconfronteerd met diverse stuk
ken die elkaar tegenspreken. Haar fractie had liever gezien dat
er duidelijk en ronduit was gezegd dat het werk al is uitgevoerd
en dat het college eerder bij de raad had moeten komen voor een
extra krediet. Nu heeft menig inwoner van Boarnsterhim weer met
een negatief lachje kunnen constateren hoe het in onze gemeente
functioneert. Zij betreurt dat zeer. De tweede afdeling heeft
zich gebogen over het concept-voorstel en -besluit. Er is ge-
dicussieerd over de vraag waar het bedrag uit gedekt zou kunnen
worden. Haar fractie gaat ermee akkoord dat het bedrag ten laste
wordt gebracht van het industrieterrein "It String".
NOT27APR.1/H/8