- 9 - De hear Breeuwsma is der net goed fan op'e hichte dat it bes- tjoersplan dizze geast ademt. Yn dit utstel kin sprutsen wurde oer in gearrin fan omstannichheden. Dat kin bést in kear barre mar it moat net te faak. Hy fynt dat it struktureler oanpakt wurde moat. Der moatte dan mear oanbiedingen frege wurde sadat de gemeente de betingsten op tafel lizze kin en in kar meitsje. Mefrou De Boer seit dat al fêst stie dat yn it plan Lyts Sinia net yn'e sosjale sfear boud wurde koe. Har fraksje kin ynstimme mei it utstel. Yn'e fjirde ófdieling kin dan oer de fierdere utwurking praten wurde. De hear Bethlehem seit dat syn fraksje achter dit ütstel stean kin omt der gjin mooglikheid ta goedkeaper bouwen is. Hy fynt dat der seker oer sosjale wentebou praten wurde moat sa't de hear Van der Baan al oanjün hat. De wentebouferiening seit no al dat der gjin nije wenten boud wurde kinne mei in legere hier as f 600,00. De hear Van der Baan begrypt ut de wurden fan de wethalder dat der wol romte is om te praten oer it folkshüsfêstingsbelied. Hy is der wat benaud foar dat it praten oer prinsipjele saken allinne mar ütdraaid op it praten oer jild. Hy fynt dat der in politike diskusje plakfine moat. Oer it generaal docht bliken dat by ditsoarte plannen trochstreaming üt goedkeapere huzen net plakfynt. Der is in protte fraach nei goedkeapere wenten en dêryn kin net foarsjoen wurde. Dat fynt hy in slimme saak. Wethouder Aukes zegt dat dit voorstel aansluit bij de intenties uitgesproken in het bestuursplan. Naar aanleiding van het volks huisvestingsplan zal er een gestructureerd beleid voor de toe komst moeten komen. Zij denkt dat er toch wel veel mensen ver trekken uit een huur- naar een koopwoning. Doorstroming vindt dus wel plaats. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 10. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet voor het bouwrijpmaken in het complex Lyts Sinia fase 2 te Wergea ten laste van dat complex van het grondbedrijf. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 11. Voorstel tot het aanpassen van de huurtarieven voor sportaccommo daties De hear Roorda seit dat syn fraksje him wol fine kin yn it ütstel. De nije tariven betsjutte in earliker ferdieling fan de besuniging oer de hierders fan gymnastyklokalen en sportfjilden. Mochten der dochs noch ferienings yn'e knipe komme dan kinne dy in berop dwaan op it sportstimulearingsfünsSyn fraksje fynt it tige posityf dat de Sportried seis mei dizze ütstellen kaam is. De Sportried hat in wurkgroep ynsteld dy't besjocht op hokker wize der de kommende jierren mei de besunigingen omgien wurde moat. Ek dit is in goede saak. Hy hopet dat de Sportried der yn slagget oansluting te finen by de tinkrjochting sa't dy yn it bestjoersplan stiet. Hy hat dér alle betrouwen yn en winsket de Sportried in protte sukses. N0T18MEI.l/H/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 12