- 10 - De hear Van der Baan seit dat syn fraksje net sa gelokkich is mei dit dtstel benammen yn ferban mei de jeugdsportsubsydzje. De gemeente sil aanst wol konfrontearre wurde mei in legere hierop- bringst as gefolch fan it minder brüken fan sealen ensafuorthin- ne. Benammen foar de gymnastykferienings sille de gefolgen fan'e feroaring yn'e jeugdsportsubsydzje grut wêze. En dit is noch net de ein fan it ferhaal. Noch in tal jierren moat der fierder besunige wurde. Hy wol der noch op wize dat de Sportried fan de ferkearde miening ütgiet dat de kosten fan'e atletyk- en iisbaan op harren budzjet drukke sil. Wethalder Nieuwdam seit dat de measte klam by de taryfsferheging leit by de fjilden en minder by de sealen. Dat is bewust sa dien, seker yn'e rjochting fane gymnastykferienings dy't in soad gebrük meitsje fan'e sealen. Yn ferliking mei omlizzende gemeen ten sitte wy by it gemiddelde taryf foar de hier fan sportsealen en sportfjilden. Wat dat oanbelanget is hy ek net bang dat de sealen en fjilden leech rinne sile. De trijeton foar desport- foarsjenning op Meinga giet rjochtstreeks nei de Sportstichting ta, der leit gjin relaasje mei it budzjet fan'e Sportried. De hear Van der Baan seit dat hy net sprutsen hat fan leechrin- nen fan'e sealen en'e fjilden, mar fan in minder bruken fan dy foarsjennings. De effekten fan dizze taryfsferheging moatte goed yn'e gaten halden wurde. Der fynt by guon ferienings al in weromrinnen fan it tal leden plak. Om dy negative spiraal giet it him. Wethalder Nieuwdam seit ta dat wat de hear Van der Baan opmerkt kritysk folge wurde sil. It weromrinnen fan it ledental hoecht fansels net perfoarst as allinne oan'e taryfsferheging te lizzen. Vervolgens wordt zonder hofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 12Voorstel tot vaststelling van een begrotingswiiziging. Er zijn geen begrotingswijzigingen. De foarsitter seit dat dit de leste riedsgearkomste mei wet halder Bloem yn it fermidden is. Ut namme fan de ried lokwinsket hy har mei de beneaming as direkteur fan it Arbeidsbureau yn Hams. Fanwegen it belang foar de gemeente is hy lykwols net sa bliid mei it fuortgean fan mefrou Bloem. De gemeente ferlies ommers in bekwaam wethalder. Wethalder Bloem hat it betrouwen fan'e ried dêr wêr't it oer de fraachstikken fan alle dei giet mar ek dêr wêr't it giet om de strategyske kar. Wethalder Bloem wit en begrypt as de béste dat de ferantwurdlikheid fan in wethalder fierder giet as dy fan in gewoan lid fan'e ried. Mefrou Bloem hat ek goed begrepen dat it bestjoeren fan in ge meente gjin revolüsjonêre bezichheid is en mear bystjoeren dan it stjoer omgoaien is. Lytse stapkes meitsje, dat is de bestjoer- like halding fan Anneke Bloem. Hy fynt dat in hiel® goe e halding. Anneke Bloem is harsels bleaun en dat is troch de ried, it kolleezje en troch de amtlike meiwurkers tige wurdearre. Mefrou Bloem wie sünt 1978 lid fan de ried fan'e gemeente Utin- geradiel en hat dêr 56 riedsgearkomsten meimakke. N0T18MEI.1/H/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 13