De foarsitter seit dat it kolleezje kennis nimt fan'e opfettings fan de ried oangeande de tredde wethalder. It liket him ek goed ta oan de ein fan de gearkomste hjir efkes oer te praten. Oangeande itjinge de hear Van der Baan nei foaren brocht oer nummer 6 stelt hy üt dat ris yn'e earste öfdieling te bepraten. Nummer 8 De hear Van der Baan freget omtinken foar de mooglikheid ta subsydzjetakinning foar dit oargel. It is miskien in goed idee dat der oargelkonserten op al dy moaie oargels dy't der yn üs gemeente binne jün wurde en dat dan yn in soarte gearwurkingsfer- ban op te setten. It soe in wichtige kulturele attraksje wêze kinne. Wethouder Aukes zegt dat deze brief aan de orde zal komen bij de verdeling van de subsidies voor de monumenten in de eerstvolgen de afdelingsvergadering. Wethalder Nieuwdam fynt it in goede suggest je fan de hear Van der Baan. Hy wol dêr best ris oer prate mei de eigeners fan de oargels Zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 4. Mededelingen. De mededelingen worden voor kennisgeving aangenomen. 4a. Voorstel tot vaststelling van een nieuwe straatnaam in Jirnsum. De hear Van der Baan is tige ynnommen mei dizze nije strjit- namme. Hy wiist der op dat de Geakundekommisje hiel goed wurk docht. Der is yn üs gemeente lykwols noch gjin oerienstimmend byld oangeande de nammejowing fan wetters en strjitnammen. Alle wetters en alle strjitten hearre fryske nammen te hawwen. Ek de kaarten dy't fan'e gemeente ütgean meie gjin flaters ynstean. Hy fynt dat de Geakundekommis je syn eagen der earst oer gean litte moat foardat dy kaarten ütjün wurde. Ek strjitnammen binne net altiten like korrekt skreaun. De foarsitter seit ta dat yn it kolleezje praten wurde sil oer itjinge de hear Van der Baan oer de korrekte nammej owing sein hat. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 5. Voorstelinzake meerjarenplanstichting Kinderopvang Boamsterhim. Mefrou Veldstra komplimintearret de Stichting mei it sa gau al presentearjen fan harren mearjierrenplan. Der is keazen foar ütwreiding yn Grou. Ut ündersyk docht bliken dat Grou de béste lokaasje is, mar dat komt fansels ek mei troch dat it bemedeife- rbliuw yn Grou stiet. Sa wurde oare doarpen lykwols wol ütslu- ten. Ek oare grutte doarpen soene mooglikheden ta beme-opfang hawwe moatte. Dêrom is har fraksje tige bliid mei de komst fan it Gastalderburo. It gastalderprojekt is noch mar krekt üteinset- ten en it rint as't spoar. N0T18MEIl/H/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 6