- 4 - De eksploitaasjesubsydzje wurdt no brükt foar nije ynvestea- rings. Se tinkt dat der sa presedinten ek foar oaren üntstean kinne. Stel, dat de ekploitaasje yn'e takomst net run is en der üntsteane tekoarten, wat dan? Wie it net better west in ynves- tearingsbydrage oan te freegjen omt der troch dizze ynvestearing gjin reserves mear oerbliuwe. Mefrou Santema fynt dat it mearjierrenplan der tige fersoarge üt sjocht. It is foar in protte alders in ütkomst dat hjir beme- opfang is. Dat der foar Grou keazen is is yn dit gefal foar de han lizzend. Likegoed is it foar Akkrum en oare gruttere doarpen wichtich dat der beme-opfang is. Har fraksje is ek tige wiis mei it Gastalderprojekt omt op dizze wize de opfang sa ticht mooglik by de minsken komt. Ek minsken ut lytsere keamen kinne sa gebruk meitsje fan'e beme-opfang. Perfoarst moat net^ de opfang troch pakes, beppes en buorlju fergetten wurde. Dizze minsken hawwe in plüm en in lykweardich plak as de profesjonele opfang fertsjinne. Mevrouw Van den Berg zegt dat de Stichting Kinderopvang met veel verve het werk heeft opgepakt. Haar fractie was eerst, met nog anderen nogal sceptisch of het allemaal goed zou komen. De Stich ting heeft het fantastisch gedaan en dat is een kompliment waard. Ook met het feit dat het gastouderprojekt zo snel is opge start is zij zeer kontent. Het voorliggende voorstel zou kunnen doen vermoeden dat de raad nog heel veel heeft te zeggen over de manier van werken van de Stichting. Zij denkt dat die indruk verkeerd is. Als de Stichting de financiën rond kan krijgen heeft de raad verder weinig zeggenschap. De Stichting vraagt uitbreiding op de locatie in Grou. Er is voor Grou natuurlijk meer te zeggen dan voor een gebouw in Akkrum omdat er dan extra geld bij zou moeten. Het college vraagt om instemming met die uitbreiding terwijl er nog geen bouwplan bij ligt. Zij daar bezwaren tegen omdat de raad zo een vrijbrief geeft terwijl in de vergadering van 21 mei 1991 de raad nogal verdeeld was over de locatiekeuze omdat bij eventuele uitbreiding de fusie van de beide basisscholen in het gedrang zou kunnen komen. Boven dien lag er een bezwaarschrift van de omwonenden. Het lijkt haar beter dat eerst een aantal zaken betreffende de locatie en de bezwaren onderzocht wordt. Mefrou De Boer komplimintearret it bestjoer fan de Stichting mei it mearjierrenplan. Dêryn binne ek düdlik de öfwagingen te sjen wêrom der keazen is foar ütwreiding yn Grou. Har fraksje kin him wol fine yn de kar. It bemedeiferbliuw wie binnen de koartste kearen fol, der is dus in grutte fraach nei beme-opfang yn üs gemeente. Yn it ütstel wurdt praten oer in gemeentlike bydrage oantemei 1996. Wêrom is dat net 1997, krekt as de ryksregeling. Har fraksje winsket de Stichting in protte sekses mei it heljen fan de doelstellings sa't dy ek yn it ryksbelied neamd wurde. De hear Van der Baan fynt dat de ried net op foarhan ynstimme kin mei de ütwreiding op dizze lokaasje omt der hielendal gjin ynsjoch is yn hoe't de ütwreiding der üt sjen sil. Der sil ek praten wurde moatten mei de omwenjenden. N0T18MEI.l/H/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 7