Wethalder Bloem is tige bliid mei de positive réaksjes op it mearjierrenplan fan de Stichting Kinderopvang. De gemeente is der tige mei ynnommen dat de Stichting op dizze wize it wurk oppakt. It is goed om oan te jaan hoe't de relaasje tusken de stichting en de gemeente is. De gemeentlike bydrage wurdt net ferhege, mar it giet hjir om in ekstra risiko. Der sil ek yn'e takomst in soad frege wurde oan ynset fan'e stichting en fan'e gemeente. Dêrom wurdt der op dizze wize, mei dit ütstel by stil- stien. De gemeentlike bydrage bliuwt gelyk en oft dy dan brükt wurdt foar de eksploitaasje of foar in ynvestearring is net sa wichtich. It kolleezje kin him fine yn it plak dêr't de ütwrei- ding plakfine sil, nammentlik by de besteande lokaasje. Der is ek terjochte opmurken dat in oare kar ek in oar finansjeel plaatsje mei him meibrocht hie. Yn dit ütstel giet it net om de konkrete bou-oanfraach mar om in mearjierrenplan mei de fraach oft de ried fynt dat der goed mei it mienskipsjild omgien wurdt. Mei oare wurden, stiet de ried achter de ekspansje op dizze wize en tinkt de ried dat it ek finansjeel ütfierber is, sünder te grutte risikö's foar de gemeente. Uteraard sil as it giet om de werklike ütfiering en de bou-oanfraach de gebrüklike wei folge wurde. Ek is der kontakt mei de buert. De hear Oosterhof freget oft mei dizze ütwreiding oansluting socht wurdt by it earder ferliende rjocht fan opstal. Mefrou Santerna seit dat it har bystiet dat it bestjoersplan oantemei 1996 giet wat de stipe oan de beme-opfang oanbelanget. Sy is der bliid mei dat der al praten is mei de omwenjenden. De hear Van der Baan is tefreden mei it antwurd fan de wet halder. Dit mearjierrenplan is basearre op de begrutting fan de Stichting. Hat de wethalder ek al ynsjoch yn de jierrekken en is dy aardich yn oerienstimming mei de begrutting. Mefrou Veldstra freget oft it kolleezje net bang is foar presedi- ntwurking nei oare ferienings ta is. Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie graag wil dat de uit breiding in Grou wordt losgekoppeld van de exploitatie. Anders moet de raad nu besluiten dat er geen bezwaar bestaat tegen de uitbreiding in Grou en dat doet zijgezien het feit dat er be zwaren kunnen komen of dat er anderzins reden is niet tot de uitbreiding van de huidige accommodatie over te gaan, liever niet. Mefrou De Boer seit dat eltsenien goed witte moat dat de ütwrei ding foar 1 jannewaris 1994 klear wêze moat oars komt der gjin subsydzje. Wethalder Bloem seit dat der besocht wurdt it rjocht fan opstal te keppeljen oan it eardere beslüt. W.V.C. hat kennelik in mearj ierrenbegrutting oant 1997, wy hawwe dy oant 1996 en kinne dus no net fierder foarüt sjen. De ried beslüt no yn prinsipe akkoart te gean mei de ütwreiding op himsels. Oer it boukundige en oer it aspekt fan'e romtlike oardening wurdt letter praat, dy rinne harren eigen trajekt óf. Se tinkt net dat der presedinten skepen wurde yn it jaan fan eksploitaasjesubsydzjes omt it hjir in unike sitewaasje oanbelanget en wy mei dizze subsydzje oanslu te by de ryksregeling. N0T18MEI.l/H/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 8