- 6 - Der is noch gjin jierrekken mar sjoen de finansjele sitewaas je en de ynformaasje tinkt it kolleezje dat wat de Stichting wol ridlik is en deeglik ünderboud. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 6. Voorstel tot aankoop van een perceel grond gelegen aan de Oeds- mawei op het bedrijventerrein Biensma te Grou. De hear Breeuwsma seit dat syn fraksje der fanüt giet dat it terrein frij flot trochferkocht wurde kin en dat der net tefolle rinte byskreaun hoecht te wurden. Ek de hear Oosterhof giet der fanüt dat dizze trochferkeap budzjetêr neutraal ferrinne kin. Hy wol fan de belanghawwende graach in yntinsjeferklearring dat hy it foar deselde priis oernimt. Wethouder Aukès zegt dat in de afdeling al is gemeld dat het college in onderhandeling met een gegadigde is. Verdere afwikke ling wacht op een besluit van de raad. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 7. Voorstel tot wijziging van de Verordening op de heffingen invordering van onroerende-zaakbelastingen. Mefrou Santema seit dat it der op del komt dat nei novimber 1992 de huzen mear wurdich wurden binne. De boargers binne dér wol wiis mei mar fine it wol ferfelend in soad belestmg te betel- jen. Seker yn Boamsterhim, dêr't de befolking altiten klaget. Se fynt it dan ek tige posityf dat dit ütstel der no leit. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje by de begruttingsbehan- neling tsjin de ferheging fan dizze belesting stimt hat. Mei de wiziging yn dizze sin kin syn fraksje dan ek wol akkoart gean. De hear Veldstra fynt it in goed ynisjatyf dat it tefolle oan'e boargers litten wurdt. Hy tinkt dat üs gemeente no wol better ütkomme sil yn de ferlikende tabel fan djoere en goedkeape ge meenten. Wethalder Bloem seit dat yn novimber 1992 in beslüt mei de winske opbringst fêststeld is. Mei dizze wertaksaasje wurdt dudlik hoe't it ferdield is tusken de ferskate kategorieën. De ferskowingen binne net hiel grut en it kolleezje kin dan ek mei in tefreden gefoel dit ütstel oan'e ried foarlizze. De hear Breeuwsma fynt dat de saken net ferdraaid wurde moatte. Xt risseltaat yn opbringst bliuwt ommers gelyk. De iennichste ferskowing is yn it persintaazje foar it partikulier wentebesit. Komt dit troch dat der no mear partikuliere wenten binne? Wethalder Bloem seit dat it altiten in aardige diskusje bliuwt om üt te rekkenjen wêr't jo yn'e rangoarder steane. Dat is lykwols net allinne öf te mjitten oan it taryf, it moat yn kombinaasje brocht wurde mei de gemiddelde taksaasje fan'e wenten. N0T18ME1.l/H/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 9