- 10 - De Hopmanshof wurdt twarjochtingsferkearIt ynriden troch de Koarte Miente nei de Beukerhof wurdt sa wol üntmoedige. Yn'e buert fan De Beukerhof binne op't stuit 6 a 8 parkearplakken. Op it eigen terrein wurde 12 parkearplakken oanlein. It is no de fraach oft 20 parkearplakken tarikkend binne. De oplossing dy't de bewenners oanrikt hawwe kostet f 60.000,00. Hy is fansels ree om mei de omwenjenden fierder te praten oer altemativen, mar dy moatte dan sawol romtlik as finansjeel helber wêze. Mocht it tal partisipanten fergrutte wurde dan is dat fansels foar de eks- ploitaasje hiel geunstich. It spyt him tige dat hy op 1 juny ünder de ófdielingsgearkomste net opmurken hat dat de hear Van der Baan ek réagearje woe. Der is doe trouwens ek net sein dat de F.N.P. akkoart wie mei it ütstel. Mefrou Sant erna seit dat har noch net düdlik is wêrom it kol- leezje öfweken is fan wat yn it ferslach fan 29 april 1993 stiet oer de liening fan f 280.000,00. Sy tinkt dat it nije utstel in protte wurk opsmite sil foar it amtlik apparaat. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje üntstriidt dat de ge meente garant stean moat foar de liening. As de stichting it rjocht fan opstal hat hoecht dat net. Hy is fan betinken dat besteand belied net sa maklik wizigje moat en yn dit gefal sjocht hy alhiel gjin needsaak. Bestjoeren is foarütsjen en it is fan belang dat ek te dwaan. Syn fraksje sjocht oankommen dat finansiering en subsidiearing in protte problemen meibringe yn'e takomst. De gemeente moat dêrom no hiel goed witte hokfoar risi- ko's der run wurde. Kies dan de feilige wei, lit yn dit gefal de stichting seis in liening ófslute. Foar de ferkearsproblemen moat wol in goede oplossing komme. Hy fynt it eins swak dat dy problematyk noch net oplost is. Hy makket der beswier tsjin dat der op it lest noch hurd hurd besocht is in oplossing te finen wylst de problemen al lang bekind wiene. De oplossing mei de gemeente lykwols gjin jild kostje. De eigener moat seis mar foar parkearplakken soargje. De presedintwurking is sa düdlik as wat. By in oare oanfraach sil it belied wer wizige wurde moatte en lis dat mar ris üt oan'e minsken. Der bestiet by de befolking in grut ferlet oan düdlik belied. De hear Bouma seit dat syn fraksje wol sjoen hat nei de risiko's en ta de konklüzje kommen is dat de finansiering sün is. De eksploitaasje, ek op langere termyn, lit dizze finansiering ta. Der sil wol kritysk sjoen wurde moatte nei de boeken. As der mear hierders komme en dus mear baten moat de liening sa gau mooglik óflost wurde. As de saak dochs noch ófblaast wurdt hawwe de minsken gjin plak. Boppedat is dan de subsydzje fan tredden ek fuort. De hear Van der Baan ynterumpearret dat it gjin kwestje fan ófblazen is. Syn fraksje wol allinne in oare wize fan finan siering. De hear Bouma fynt dat de parkearproblemen op it eigen terrein fan'e stichting troch selswurksumheid oplost wurde moatte. N0T15JUN/H/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 12