Mefrou Santema hat noch gjin antwurd krigen op har fraach. De hear Breeuwsma seit dat it hjir giet om in plan dêr't fan sein waard dat it himsels bedrippe koe. Krekt as by oare saken docht ek hjir wer bliken dat der dochs in gemeentlike bydrage by moat. Der wurdt hyltiten wer boppe de begrutting gien mei grutte bedragen. Dêrom wurdt de gemeente ek stienearm. Der moat in bettere tarieding komme fan de plannen, benammen wat de kosten oanbelanget. As it sa trochgiet mei gemeentlike bydragen foar plannen komt it op de kop ferkeard. De hear Ren ia is ek bliid mei de düdlike dtspraak fan it kol- leezje oangeande de kanaalplannen. Mar yn'e achterholle tinkt hy der dochs oan wat Drachten, dêr't sa'n minne üntsluting foar is, bygelyks yn'e takomst wol. Miskien is it goed om kontakt mei Drachten op te nimmen foar it finen fan in oplossing dy't harren en üs it beste taliket. De hear Van der Baan ynterrumpearret dat de beropsfeart gjin inkeld probleem hat mei de farwei nei Drachten sa't dy der op dit stuit hinne leit. De foarsitter seit dat de Stjoergroep Blauwe Sóne réagearje sil op de kanaalplannen fan de GrontmijIt kolleezje hat mient dêr ek wat fan sizze te moatten. Primêr fanüt de ferantwurdlikheid foar de eigen gemeente. It kin bést wêze dat der aanst nei de réaksje fan'e Stjoergroep praten wurde moat mei de buorgemeenten. Wethouder Aukes aanvaardt de excuses van de heer Van der Baan. Over de telfout waar mevrouw Santema naar vroeg kan zij geen nadere informatie geven. De foarsitter seit dat de hear Breeuwsma gelyk hat. It kin net sa trochgean sünder dat it fêstrint. As alle projekten sa oer de tafel geane rint it absoluut mis. It kolleezje hat dat ek oer- wügen mar fynt dat dit plan wol trochgean moat omt it rindemint heech is en de ynvestearing fan'e gemeente betreklik leech. It giet derom hoe't de takomst fan Boamsterhim foarm en ynhald jün wurde kin. Dêr sil noch hiel wat keunst-en fleanwurk oan te pas komme. Iendracht dêrby is fan grut belang. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. Voorstel artikel 25 Wet gemeenschappelijke regelingen. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. Voorstel tot intrekking van het kredietverzoek (najaarsnota) ad f 71.000,00 voor uitbreiding beeldschermen en bekabeling. De laatste zin van het voorstel vervalt. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. Voorstel tot wijziging van de wachtgeldverordening. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 9