Mefrou Santema seit dat dochs mei it twadde lustrum fan Boarnsterhim it Halbertsmaplein klear is. Yn it ramt fan de parkearproblemen moat der ek sjoen wurde nei ferljochting en oerlêst. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 11Voorstel tot vaststelling van het actie-plan 1993 voor Tersoal in het kader van dorpsvernieuwing c.q. het "Beleidsplan kleine kernen" Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 12Voorstel tot het vaststellen van de gemeentelijke reactie op het ontwerp-streekplan Friesland 1994. De hear Van der Baan seit dat de behanneling fan it Streekplan troch de ried net goed ut'e ferve kommen is. Pas op 4 septimber is it plan tastjoerd en op 9 septimber waard it al yn'e fjirde öfdieling bepraat. In yngeande behanneling is him sa net mooglik makke. De wethalder is dus fierstente let mei it Streekplan kom men en hy stelt har dan ek ferantwurdlik foar de oerflakkige behanneling fan it plan, ek al omt it plan al op 1 maaie by de gemeente wie en der op 5 july wol amtlik oerlis west is. Ek al is it formeel net alhiel slagge, feitlik komt it der op del dat it Streekplan büten de ried om behannele is. Lykwols wol hy besykje in sa goed mooglike réaksje te jaan ek al sil dy net folslein wêze. Hy wol graach fan it kolleezje in ünderbouwing fan it stanpunt hearre dat it Streekplan in utnoegjend karakter hat en dat de winnende krêft o sa oansprekt. It idee fan syn fraksje is dat it Streekplan dochs wol hiel sterk ferbün is oan wat yn Den Haach fêststeld is. We sitte strak ynbün yn it lyfke fan Den Haach. De lanlike gebieten yn Fryslan komme der, lan- boukundich en wat de mooglikheden foar de doarpen oanbelanget skealik foar wei. Mear as de helte fan it fryske gebiet wurdt lanboukundich oan bannen lein. Dat betsjut dat bedriuwen fuort- jage wurde. Yn de gemeentlike réaksje oangeande de lanboukundige haadstruktuer kin syn fraksje him fine. Syn fraksje kin him ek lykfine yn'e oantsjutting fan üntjouwingskearn benammen omt soks oanslüt by de hjoeddeistige üntjouwings yn Grou en Terherne. Benammen it kultuertoerisme kin in kwalitative ferbettering fan dizze beide doarpen ynhalde. As Grou en Terherne in spearpuntk- lassifikaasje krije soene soe dat betsjutte dat der in breed skala fan toeristyske en rekreative foarsjennings yn konkur- rinsje mei under mear Snits en Ljouwert komme soe. Sa besjoen soene we wat in te grutte broek oanlüke. It liket him goed de ferbinings oer wetter sa't dy fan aids yn üs gebiet lizze yn dit plan te beneamen. Datselde soe barre moatte mei gebieten dy't geskikt lykje as nij farwettergebiet te tsjinjen. It brief fan "Frisia" is derby in goede oanfolling. By punt 5 fan de réaksje is him net düdlik wat der ferstein wurdt ünder it "kaartbeeld". Mei de oare punten üt de réaksje kin hy him wol lykfine. De söne Jirnsum-Akkrum-Grou waard sa'n tsien jier lyn al troch de F.N.P. nei foaren brocht. Om de argumintaasje better te ünderbouwen hie hy wol graach in oersjoch hawwe wollen fan hoe't de üntjouwing yn dat gebiet op de ünderskate terreinen fan bedriuwichheid, wurkjen en wenjen west hat yn de léste tsien jier. Syn fraksje soe graach wolle dat yn de réaksje ek de posysje fan it Ljouwer- ter stedsgewest ferwurde wie. N0T21SEPl/H/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 10