- 9 - De üntjouwing fan Ljouwert is yn it bysünder foar Boamsterhim fan de grutste betsjutting. Hy is net gerest op wat it Streek plan skriuwt oer de fuortsterking fan Ljouwert omt in pear siden letter sein wurdt dat it stêdelik knooppunt achte wurdt op eigen krêft syn posysje te ferbetterjen. 25% fan'e Fryske wurkgelegen- heid leit yn Ljouwert. Allinne al om dy reden moat der foar yn'e pleit gien wurde dat Ljouwert dy ympulsen kriget dy't needsaak- lik binne. It soe dan ek gjin kwea kinne de ferbinings fan Ljouwert nei it easten en it westen ta te ünderstreekjen en yn'e pleit te gean foar de kanaalsöne en foar better en mear ünder- wiismooglikheden. Benammen tinkt hy dan oan universitêr ünder- wiis. Dêrmei kin Ljouwert in stevige ympuls krije omt om it universitêr ünderwiis faak in cluster üntstiet fan nije en op fernijing rjochte yndustrieën. It liket derop dat it MDC net yn Ljouwert mar in Drachten komme sil. Hy wol yn it omtinken bringe dat dit krekt in hiel wichtich aspekt is foar Ljouwert. De Suderseespoarline is neffens him in bedriging foar Ljouwert. Ljouwert komt sa yn de perifery te lizzen. It kolleezje hat gjin réaksje jün op de plannen foar de lytse doarpen. Syn fraksje fynt it dochs de muoite wurdich dêr wol it ien en oar oer te sizzen. Yn de 80-er jierren hat de groei fan de Fryske befolking foar 50% yn'e plattelanskearnen plakfün. Dat seit dus wol wat fan'e betsjutting fan'e lytse doarpen. Yn it Streekplan wurde gjin doelstellings as prioriteiten foar de doarpen oanjün wylst earder in evenredich diel fan'e befolkingsgroei foar de lytse doarpen bestimd wie. Ek al wize de sifers ut dat it eardere belied in tige positive ütwurking hie foar de doarpen, yn it nije plan wurdt de lytsskalige wurkgelegenheid öfremme. Men soe eins wol stelle kinne dat Fryslan al ien grut megapark is en dat it plattelan dêr in wichtige rol yn spilet. Ek de bestimming fan frijkommende pleatsen sil de kommende tiid oan bannen lein wurde. Dat is in minne saak. It belied wurdt no al te iensidich rjochte op de 5 stedssintra en de 16 reionale sintra. Dêrmei wurdt de oare 283 plattelanskearnen te koart dien. Syn fraksje giet yn'e pleit foar in lykwichtige ferdieling en sprieding fan wenjen en wurkjen oer alle plakken. Ofwikings soene oerlitten wurde moatte oan it belied fan de gemeenten yn gearwurking en yn oerlis mei de doarpen seis. Fan 1986 oant 1991 groeide de wurk gelegenheid yn'e plattelanskearnen mei 7,42% en de lanbou ferlear mear as 18%. Yn'e hiele provinsje groeide de wurkgelegen heid mei 7%. In bewiis en reden te mear om it belied foar de doarpen net te wizigjen. Miskien soe it doel hawwe as yn de réaksje ek praten wurdt oer de sprieding fan rykstsjinsten nei de regio's ta. It hat bliken dien dat dat fertuten docht foar de wurkgelegenheid. It natuergebiet sil ütwreide wurde. It behear sil dan plakfine troch amtners ynstee fan boeren. Hy fynt it in frjemd idee dat dêr wer oeral oer privatisearing praat wurdt hjir it omgekearde it gefal is. Hy tinkt dat dit ien fan de grutste flaters is dy't makke wurde sil yn de kommende tiid. De hear Breeuwsma seit dat it üntwerp Streekplan in grut boek- wurk is. Sjoen eardere ünderfinings mei Streekplannen tinkt syn fraksje dat it mear de bystjoering fan belied is. Syn yndruk is dat dit ek makliker te folgjen is dan earder wolris it gefal wie. Hy tinkt dat dit "lyfke" net sa strak sit as de hear Van der Baan mient. Us gebiet wurdt op't stuit beynfloede troch it struktuerskema de Griene Romte en de Blauwe Sóne as reade tried dêr trochhinne. NOT21SEP.1/H/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 11