- 10 - By de ekologyske ferbiningssóne merkt hy op dat it hjir giet om in suvere natuerfunksje. In rekreaasjefunksje ferdraacht him neffens syn fraksje net mei de natuerfunksje. Hy fynt dat der by punt 9 net al te konkreet reagearre wurde moat. Foar Wergea soe hy net stelle wolle dat der ferfangjende bedriuwichheid op it plak fan it fabryk komme moat. It soe neffens him wat rommer steld wurde moatte, bygelyks ferfangjende bedriuwichheid yn Wergea. Aldeboarn is net neamd yn de réaksje en dêr moatte eins ek noch huzen boud wurde. De hear Bethlehem seit dat syn fraksje it net iens is oer it punt bedriuwichheid. De hear Renia sil it dêr aanst oer hawwe. Syn fraksje is it grutte linen wol iens mei de réaksje fan it kolleezje. Syn fraksje fynt ek dat it Streekplan wat al te maklik docht oer de lytse kearnen. Oant 1995 is der noch 1 mil joen beskikber foar de üntwikkeling fan de lytse kearnen. Yn 1994 sil der in evaluaasje plakfine en dêmei sille de lytse kearnen har mar min ofte mear réde moatte. Hy sjocht dat wol wat swier yn en freget it omtinken fan it kolleezje hjirfoar. In part fan syn fraksje fynt dat it kolleezje gelyk hat as hy seit dat Boarnsterhim in rekreaasje- en lanbougemeente is. Hy fynt mei it kolleezje dat wy it dêr net mei réde en dat besocht wurde moat nije bedriuwichheid oan te lüken. De trijehoek Jimsum- Akkrum-Grou is dêr poergeskikt foar. Wat Wergea oanbelanget slüt hy him oan by wat de hearen Van der Baan en Breeuwsma dêroer sein hawwe. Hy warsköget der wol foar dat gemeenten net elkoar bekonkurearje moatte. De hear Renia seit dat it part fan syn fraksje dêr't hy foar praat it der oer iens is dat der in gearhing yn'e üntjouwing fan Jirnsum, Alkkrum en Grou bestiet. Dat dêr bedriuwichheid komme kinne moat is fansels ek prima. As yn it gebiet südwestlik fan Grou bedriuwichheid komt en dat stiet sa yn it Streekplan dan is hy der bang foar dat der in hikke iepenset wurdt sünder dat bekind is wat dêr achterwei komt. Want as dêr wat üntwikkele wurdt kin dat oars net as grutskalich. En Grou komt dan under de reek fan dat gebiet te lizzen. Yn elts gefal soe oer dizze üntjouwing earst mei de Grousters praten wurde moatte. Hy stelt üt de belutsen alinea ut de réaksje te hel jen. Hy tinkt ek dat mei de Wergeasters om'e tafel gien wurde moat oer it plak fan'e ferfangjende wurkgelegenheid. De hear Oosterhof seit dat hy him fine kin yn'e réaksje fan it kolleezje. Yn maaie is it Streekplan presintearre. Him tinkt dat der foldwaande tiid west hat om jin in oardiel te foarmjen. Hy hat ek wol fraachtekens by de bedriuwichheid südwestlik fan Grou en stelt him ek sa foarsichtich op as dat part fan'e fraksje fan de P.v.d.A. dat achter de hear Renia stiet. Krekt as de hear Bethlehem is hy gjin foarstanner fan konkurrinsje tusken de gemeenten. Wat it plak fan'e ferfangjende wurkgelegen heid oanbelanget is hy it iens mei de eardere sprekkers. De foarsitter slüt de gearkomste tydlik foar oerlis yn it kol leezje om 21.30 oere. Hy weriepent de gearkomste om 22.00 oere. NOT21SEP.1/H/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 12