- 12 - De foarsitter seit dat it kolleezje foarstanner is fan in sterk stedsgewest. Ljouwert stiet der wat de wurkgelegenheid oanbelan- get min foar. It kolleezje stipet it besykjen fan Ljouwert om dêr wurk te krijen. De sterke punten fan it Stedsgewest moatte benutte wurde. Dy sterke punten kinne sawol yn as büten de stêd lizze. Der wurdt yn de stjoergroep dan ek diskusiearre oer de fragen wêr't de huzen boud wurde moatte en wêr't de wurkgelegen heid komme moat. As dat yn Stiens is moat it yn Stiens barre, as yn Ljouwert it sterke punt leit moat it yn Ljouwert barre. It liket him goed yn it brief noch in passaazje oer it Stedsgewest op te nimmen, benammen oer de ekonomyske kant. As it oer de wentebou giet is it wat dreger om te reagearjen omt de minister fan VROM en de ynspekteur fan RO kear op kear roppe dat it yn de steden barre moat. It kolleezje fynt dat ek de sterke punten fan de omlizzende gemeenten utnutte wurde moatte. Yn dat ramt biedt it Streekplan dêr foldwaande romte foar. Konkurrinsje moat eins net tusken de ünderskate gemeenten. Komt de fraach oan'e oarder wat der yn it südlik part fan ds gemeente barre moat. Dêr sil de gemeenteried in eigen belied foar meitsje moatte. De tekst fan it Streekplan jout dêr de romte ta. De hear Ren ia bliuwt der bang foar dat as der wat ta üntwik- keling brocht wurde sil yn it part südwestlik fan Grou dat oars net as in grutskalich projekt wêze kin. Hy fynt dat dêr yn elts gefal mei de bewenners fan Grou oer praten wurde moat. Boppedat moat der ek ris nei sjoen wurde oft dizze üntwikkeling op gong brocht wurde moat wylst dy miskien yn it ramt fan it Stedsgewest earne oars ek kinne soe. Yn elts gefal moat dit idee earst ek yn it Stedsgewest oankaarte wurde. De hear Bethlehem seit dat hy net sa gerêst is wat it stimuleari- ngsbelied nei 1995 oanbelanget. De hear Breeuwsma seit dat der üngerêstens is yn it gebiet by Aldeboarn oangeande de ekologyske ferbiningssöne. Wêr't it om lanbougebiet giet wurdt it by de ekologyske ferbiningssöne of natuer of lanbou en perfoarst gjin rekreaasje. De wurkgelegen heid giet achterüt en dêr moat wat oan barre. It soe net goed wêze de mooglikheid ta bedriuwichheid yn'e JAG-trijehoek ut te sluten. De hear Van der Baan fynt dat in wethalder de marsrüte oanjaan moat as it om de behanneling fan it Streekplan giet. Dy rüte moat wol sa wêze dat elkenien it tempo byhalde kin. Hy hat hymjend achter de wethalder oanrün en it is him net slagge om op tiid te reagearjen. De FLD en ündernimmers yn'e lytse doarpen ünderstreekj e itjinge hy nei foaren brocht hat oer de lytse doarpen. De réaksje fan de wethalder fernuvert him dan ek. Der wurdt no ophalden mei it yn 1982 dteinsetten belied oangeande de lytse doarpen. No komt der iensidich belied rjochte op de sintra. Hy konstatearret dat der gjin evenredich part foar de doarpen oerbliuwt. Hy tinkt dat de ideeën oer de JAG-trijehoek net goed dtkristallisearre wurde. Hy is fan betinken dat der yn dy trijehoeke gjin grutskalige üntjouwingen plakfine moatte mar bedriuwichheid yn de ienfaldige sin. Hy is it iens mei de hear Renia dat der goed en djipgeand oer dizze mooglike üntjouwing diskussiearre wurde moat. N0T21SEP.l/H/12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 14