- 14 - De hear Van der Baan is it folslein iens mei de hear Renia. Yn réaksje op wat de foarsitter sei seit hy dat syn fraksje net dtslute wol dat der bedriuwichheid yn alle 18 doarpen komt. As der earne bedriuwichheid üntstean kin moat dat kinne wêr't it ek mar is. De gemeenten moatte dêr dan ek oan meiwurkje kinne. Krekt yn dit nije Streekplan wurde dy mooglikheden weilitten. Konsintraasje op'e 21 sintra liket him dan ek de ferkearde wei. De hear Breeuwsma fynt ek wol dat der hiel goed oerlein wurde moat oer üntjouwings yn'e JAG-trijehoeke. Mar as dy üntjouwing no net yn it ramt fan de réaksje op it Streekplan neamd wurdt is de mooglikheid fuort om dêr letter noch op werom te kommen. De hear Oosterhof bliuwt muoite halden mei hoe't it mooglik yn'e takomst komme kin. Hy is it mei de hear Renia iens dat as der wat bart dat grutskalich wêze sil. Netts j insteande dat fynt hy dat dizze üntjouwing yn'e JAG-trijehoeke mar dan wat öfswakt, wol yn de réaksje neamd wurde moat. De hear Bouma seit dat der yndied wat ferdield yn syn fraksje tocht wurdt. It giet dan benammen om de skaal wêrop mooglike bedriuwichheid yn'e JAG-trijehoeke üntstean kinne soe. Hy is it wol iens mei it C.D.A. dat as it no net neamd wurdt we it letter wol ferjitte kinne. De hear Van der Baan hat de yndruk dat de ried it Streekplan as in soarte fan bibel besjocht. Hy tinkt dat it Streekplan net sa foarskriuwend is as yn'e ried tocht wurdt. De foarsitter tinkt dat it wol tige wichtich is foar in lytsere gemeente om oan te jaan wat hy wol. As in mooglikheid sa as bygelyks de JAG-trijehoek net as in werkenber gebiet oanjün wurdt it by in lettere oanfraach al op foarhan fan'e tafel skood wurdt. De ried moat no sizze hoe't hjir tocht wurdt oer de üntjouwing yn üs gemeente. Hy tinkt dat it fan belang is no in ferstannige tekst te meitsjen dy't rjocht docht oan it feit dat de ried der noch net üt is hoe't it krekt allegear moat mar wol dizze mooglikheid neame wol. De foarsitter slüt tydlik de gearkomste om 23.15 oere. Hy weriepent de gearkomste om 23.30 oere. De foarsitter seit dat it kolleezje de reactie ünder punt 9.b. tredde alinea as folget formulearje wol: "Binnen het gebied Jimsum-Akkrum-Grou zijn gelet op de unieke ligging enzo voorts". De fjirde alinea bliuwt gelyk oant de wurden "regionaal centrum". Dernei stelt it kolleezje de folgjende sin foar: "Deze ontwikkeling zal binnen de gemeente nader moeten worden geconcre tiseerd en vorm moeten krijgen, waarbij het vanzelf spreekt dat de uitwerking in samenwerking met de stadsgewestelijke partners zal geschieden". De foarsitter konkludearret dat de ried it iens is mei de wizige tekst. Der komt ek in oanfolling oer Wergea en der sil in sin makke wurde oer it stedsgewest en de wurkgelegenheid yn Ljouwert. N0T21SEP.1/H/14

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 16