Nummer 3: De hear Van der Baan wol graach dit stik behannelje by de réaksje op it Streekplan. Nummer 15: De hear Van der Baan seit dat by syn achterban üngerêstens is oer de ypsykte. Benammen oer it feit dat der yn üs gemeente te let kapt wurdt. Ek bestiet der ündüdlikens oer wat der mei sike beammen op partikuliere grun bart. Nummer 10: Mefrou Veldstra wol graach dit stik yn'e tredde öfdieling behan nelje. Nummer 17: Mefrou Veldstra wol graach dit rapport ek yn'e tredde öfdieling behannelje. Dit rapport soe eins in oantrün wêze moatte ta in fierder belied oangeande it brüken fan de Fryske taal troch üs gemeente. De ófrüne jierren is der gjin inkelde ympuls fanüt it kolleezje wei kommen. Nummer 5: De hear Dotinga freget oft der rekken halden is mei de ferleging fan'e budzjetten. Nummer 2 en 3: Mefrou Santema wol graach dat dizze stikken yn'e fierdere pro- seduere meinommen wurde. De foarsitter biedt ut namme fan it kolleezje syn ekskuses oan foar it feit dat de ynkommen stikken net kompleet wiene. Hy seit dat it kappen miskien wat let begün is omt der altiten earst goed sjoen wurdt oft in beam wol echt siik is. Hy stelt üt dat der yn'e öfdieling nochris praten wurdt oer de sike beammen op partikuliere grun. It liket him ek goed ta dat oer ynkommen stik nümer 10 yn'e tredde öfdieling praten wurdt. Wethalder Nieuwdam seit dat der yn 1984 in Frysk taalbeliedsplan yn'e ried besprutsen is. Dêrüt die bliken dat it draachflak om fierder te gean eins te lyts wie. Hy seit dat it kolleezje de foarkar jout om yn gearwurking mei de provinsje en oare gemeen ten öfspraken te meitsje. Hy seit ta it rapport yn'e öfdieling behannelje te sillen. Wethouder Aukes zegt dat de reactie van "Frisia" in feite naar de stuurgroep Blauwe zöne is gestuurd en in afschrift naar de gemeente. Er zijn veel overeenkomsten tussen de reactie van "Frisia" en die van de gemeente. Ook wat betreft de reactie op het Streekplan zijn er veel overeenkomsten met wat "Frisia" wil. Nummer 5: Er zijn op dit moment geen aanvragen onderweg. Wel is er ge vraagd en toegezegd dat het geld zal worden gereserveerd voor volgend jaar. N0T21SEPl/H/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 4