Nummer 17: De hear Van der Baan seit dat it taalbeliedsplan nea yn'e ried besprutsen is. Hy moat konstatearje dat de twa fraksjes dy't diel ütmeitsje fan it kolleezje ek gjin muoite dien hawwe it stik op'e wurklist fan de ried te setten. It trochskowen nei de provinsje is wol de typyske polityk fan in strüsfügel. It giet him derom dat der serieus mei dit rapport omgien wurdt. Neat kin de wethalder wjerhalde en bepraat it yn elts gefal yn'e öfdie- ling Wethalder Nieuwdam is fan doel it rapport yn'e öfdieling te be praten. Hy fynt it lykwols winsklik om wat it belied Frysk oanbelanget gear te wurkjen mei de provinsje. Nummer 19 en 24: De hear Van der Baan fynt it de muoite wurdich dizze stikken yn'e öfdieling te behanneljen. Nummer 19: Mefrou Santema is der bliid mei dat boargers sa yntiids meitin- ke. De foarsitter seit dat de brieven en de réaksje fan it kolleezje dêrop yn'e öfdieling behannele wurde sille. Nummer 30: Mefrou Veldstra wol graach dat dit stik yn'e wolwêzenskommisje behannelje. Nummer 26: De hear Van der Baan soe it op priis stelle dit stik yn'e öf dieling te behanneljen. Nummer 29: De hear Bouma seit dat der troch de hastige beslütfoarming dochs ündüdlikheid bliuwt oer de wurkwize. Der soe bygelyks in skerm pleatst wurde en dat is net bard. Dat ropt ek allegear fraach- tekens op. Hy wol graach op in geskikt momint dizze saak evaluea- rje. Nummer 30: De hear Roorda fynt dat de gong fan saken run de skateboardbaan gjin skientmepriis fertsjinnet. Yn juny is noch f 400,00 bes- kikber steld en no moat de baan der al wer wei. Sa kin de boarger net temjitte treden wurde. Der hie yn oerlis in oplos sing fün wurde moatten. Hy fynt it tige spitich dat de skateboar- dferiening besluten hat de baan net öf te bouwen. De foarsitter seit dat it brief fan de hear Bakker en de réaksje fan it kolleezje dêrop yn'e öfdieling bepraten wurde sil. Ferline wike hat it kolleezje fan it Wetterskip heard dat dy tige tefreden is oer de wize wêrop it baggerslib üt'e Pikmar helle is. Hy is bliid dat dizze affaire no op in goede wize beëinige is. In wiidweidige evaluaasje liket him net sa sinfol. NOT21SEP1/H/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 5