- 4 - Wethalder Nieuwdam is it wol mei de hear Roorda iens dat de öfhanneling op syn sachtst sein wol better kind hie. Hy seit ta dat op koarte termyn kontakt socht wurde sil mei de stjoerder fan it brief om in oplossing te finen. Hy seit ek ta it brief nei de Wolwêzenskommisje te stjoeren. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel en de tijdens de discussie gedane toezeggingen besloten. 4Mededelingen. Nummer 3: De hear Van der Baan stelt it op priis dat syn fraksje troch it kolleezje op'e hichte brocht is fan wat yn'e besletten gearkom- ste fan 25 augustus bepraten is. No is it ferfelend dat der dochs betizing üntstien is. Hy soe it o sa op priis stelle dat it kolleezje oer in pear saken syn stanpunt jaan wolle soe. Yn in provinsjale kommisjegearkomste is nammentlik sein dat der net oantrune wêze soe op in besletten gearkomste. Yn in oare gear- komste is steld dat üs gemeente sawol finansjeel as planologysk meiwurking ferliend hat oan'e plannen foar de omlizzing fan it Prinses Margrietkanaal. Hy wol graach witte oft dizze beweringen klopj e. De hear Bouma trunet oan op sa gau mooglik in behanneling yn it iepenbier. De foarsitter seit dat wat Deputearre Steaten dogge as sizze sy dat seis witte moatte. Net foar neat hat it kolleezje hjoed syn réaksje bleatjün omt dêr no krekt yn stiet wat der op 25 augus tus sein en skreaun is. It kolleezje sil sa gau as mooglik ek weromkomme op de winsk fan de ried de diskusje yn it iepenbier te fieren. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje der by bliuwt dat bes letten gearkomsten de demokrasy net tsjinje omt dy allegear misfettings oer hiele wichtige saken yn'e han wurkje. De hear Breeuwsma seit dat syn fraksje it iens is mei it brief. Op 25 augustus is der gjin besletten mar in wurkgearkomste fan'e ried west. Dy mooglikheid moat der wol bliuwe. Hy tinkt dat it hiel goed is dat de plannen no yn in brede ynspraak komme omt der in protte belangen by belutsen binne. Syn fraksje tinkt dat dizze plannen in positive ympuls jaan kinne foar dizze gemeente mar streket dêrby oan dat der tige hoeden mei alle belutsenen omgien wurde moat. Mefrou Sant erna is der bliid mei dat nei alle betizing, ek foar de leden fan de ried, it brief fan it kolleezje no yn'e iepen- bierheid brocht is. De foarsitter seit dat it kolleezje de miening fan de fraksje fan de F.N.P. kint. It kolleezje woe foardat hy in stanpunt oan Deputearre Steaten bekind makke graach mei de ried oer dizze plannen prate. Deputearre Steaten wiene der ek akkoart mei west as it kolleezje in réaksje jün hie. It like it kolleezje goed ta yn in wurkbesprekking mei de ried te praten. It wie ferantwurde dat achter tichte doarren te dwaan. Hy tinkt dat besocht wurde moat op in goede manier fan dizze plannen te profitearjen. Der sille wat konsessies dien wurde moatte, mar net te folie en it sil wat wurk opsmite moatte. N0T21SEP.l/H/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1993 | | pagina 6